FryslânDOK ‘Wol – tusken priis en wearde’ takom wykein te sjen

desimber 22, 2023 08:10 Fernijd

Wol is neat mear wurdich. Alteast, as men yn euro’s rekkenet. Skieppeboeren moatte der jild op talizze om harren bisten te skearen en de fluezen te ferkeapjen. Mar der is nije hoop foar it natuerlike, lokale, duorsume produkt. Yn de FryslânDOK ‘Wol – tusken priis en wearde’ ûndersiket filmmakker Albert Jensma de wearde fan wol.

Byld: Omrop Fryslân

Iuwenlang wie wol de grûnstof foar klean en tekkens. De minske hold himsels waarm mei wol, en stie yn dy sin ticht by de natuer. Tsjintwurdich drage we foaral klean fan keunstfezels oan. Foar de priis fan de Nederlânske wol betsjut dat dat dy histoarysk leech is. Eartiids krigen boeren goed betelle foar in flues wol, mar wol is ferwurden ta in spotgoedkeap massaprodukt. Yn Nederlân rinne sa’n miljoen skiep dy’t mei-inoar alle jierren sa’n 2,5 miljoen kilo wol produsearje. Wêr giet dat hinne?

Om’t de tekstylyndustry hast hielendal út Europa weiwurden is, giet ús wol no tsjin ôffalprizen nei lannen as Yndia, Pakistan en Sina. Tagelyk keapje wy manmachtich goedkeape syntetyske klean út legeleanelannen. Troch it waskjen fan dy klean fergiftigje mikroplestiks, ôfkomstich út de stof, yn ûntrêstigjend ús wetter. Aksjegroep Pleed yn Fryslân, oanstjoerd troch in groepke berette froulju, makket him sterk foar it opnij yntrodusearjen fan de Nederlânske wol as weardefolle en duorsume grûnstof. De lokale ferwurking fan de wol wolle se ek nij libben ynblaze. Sa wurdt de wearde fan wol folle grutter as de priis.

FryslânDOK ‘Wol – tusken priis en wearde’ (earder útstjoerd op 10 en 11 septimber)
Sneon 23 desimber NPO2 15.30 oere (werhelling 24 desimber 13.15 oere);
Snein 24 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oere).

desimber 22, 2023 08:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.