FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns

desimber 7, 2023 08:16 Fernijd

Yn Fryslân en Grinslân rint in proef om doarpstsjerken it middelpunt te meitsjen fan besinningstoerisme. It Ziltepad, in nije kuierrûte, besiket de tsjerken in nij plak te jaan yn in tiid dêr’t tsjerkegong al jierren yn weromrint, mar der wol ferlet liket te wêzen fan nije foarmen fan spiritualiteit. Yn ‘It smelle paad’ sjocht FryslânDOK oft dit inisjatyf oan it ferlet foldocht.

Foto: Omrop Fryslân

Kuierjen yn ’e lift
Hieltyd mear minsken begjinne te kuierjen. Koroana hat dêr in grutte stimulâns yn west, mar ek hieltyd mear sûnensûndersyk toant oan dat kuierjen goed foar lichem en geast is. It liket dat stadichoan mear minsken dat begjinne op te pakken, fariearjend fan in deistich healoerke oant plannen foar pylgertochten nei Santiago. Tagelyk sykje de stichting Alde Fryske Tsjerken en Oude Groninger Kerken nei nije bestimmingen foar harren gebouwen. Sy tinke ek oan in soarte fan pylgeridee: lit minsken fan tsjerke nei tsjerke rinne en op dy wize gebrûk meitsje fan de besinningsmooglikheden dy’t in tsjerkegebou biedt.

Sliepe yn tsjerken

De stichtingen wolle in rûte útsette fan Den Helder oant Termunten. Dielnimmers kinne kuierje, soms meidwaan oan aktiviteiten, ite by doarpelingen en sliepe yn de tsjerken. De stichtingen binne noch oan it útfinen hoe’t soks krekt moat, en hawwe om dy reden yn septimber en oktober in pilot organisearre. Minsken koene rinne fan Eastrum nei Hornhuizen en Vierhuizen. Yn de tsjerken koe meidien wurde oan aktiviteiten lykas meditaasje en sjongen. Foar de proef wie in soad animo en dat liket derop te wizen dat de stichtingen de goeie wei ynslein hawwe.

Wat docht kuierjen mei de minske?
FryslânDOK folget dizze proef troch dielen fan it trajekt mei te rinnen en ûnderweis mei minsken te praten oer wêrom’t se meidogge. Se besykje ynsjoch te krijen yn de fraach wat kuierjen mei in minske docht, hoe’t it lânskip belibbe wurdt en wat de wearde dêrfan is. En fansels yn hoefier’t de tsjerkjes har foar dat ‘besinningstoerisme’ liene.

FryslânDOK ‘It smelle paad’
Sneon 9 desimber 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 10 desimber 13.19 oere);
Snein 10 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).
desimber 7, 2023 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.