Fryske Keamerfragen moatte ‘druk op ’e tsjettel’ hâlde

desimber 13, 2023 10:10

Mei in set oan Fryske fragen oan minister Hugo de Jonge wol de nije Twadde Keamer omtinken freegje foar de ûnderhannelingen tusken it Ryk en de provinsje. Mei-inoar ûnderhannelje se oer de takomst fan it Frysk, yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. It ûndertekenjen dêrfan stie foar dit jier pland, mar is ferskood om’t it Ryk langer de tiid nedich hat om yn te gean op alle winsken fan de provinsje en de Keamer.

Boarne: Twadde Keamer

Neffens inisjatyfnimmer Tjeerd de Groot (D66) is it goed dat de ûnderhannelingen serieus nommen wurde, mar moat der wol faasje makke wurde. “Yn Fryslân wolle we troch en wolle we wissichheid. De Keamer hat hiel dúdlik west oer wat dy fan it kabinet ferwachtet, mar in organisaasje as Tresoar wit noch hieltyd net wêr’t dy oan ta is”, seit De Groot. Kultuerhistoarysk sintrum Tresoar driget yn swier waar te kommen, om’t it Ryk, nettsjinsteande oannommen Keamermoasjes, út de regeling stappe wol. Efkes neidat it Keamerlid út Wâldsein tiisdeitemiddei yn it Frysk de eed ôflei, stjoerde er dêrom fuortdaliks syn earste fragen fan de nije Keamerperioade op. Dêryn waard er stipe troch Habtamu de Hoop (PvdA) en Aant Jelle Soepboer (NSC). De Groot ferfangt de kommende moannen in fraksjegenoat dy’t mei ferlof is omdat se bernswier is.

Stevige ambysjes
Yn oktober stelden Twadde Keamerleden 123 fragen oer de ynset fan it Ryk yn de ûnderhannelingen, dy’t neffens harren in kantelpunt yn it Frysk taalbelied wêze moatte. De fragen kamen nei in rûnetafelpetear mei Fryske eksperts op inisjatyf fan âld-Keamerlid Romke de Jong (D66). De Keamer frege ûnder syn oanfiering earst yn in tal útstellen en dêrnei nochris by de frage-omgong om hegere ambysjes foar it Frysk. “Yn Fryslân moat it Frysk echt lykweardich oan it Nederlânsk wurde, dat hat Romke my wol bybrocht yn de jierren dat wy tegearre in kantoar dielden yn it Keamergebou”, seit Tjeerd de Groot. “No is it saak om druk op ’e tsjettel te hâlden, de taal fan it hert moat bûnzje.”

Yn de Keamerfragen freegje De Groot, De Hoop en Soepboer yn it Frysk om omtinken foar de Fryske saak. De fragen binne oan minister De Jonge fan Ynlânske Saken rjochte. Neffens harren mei in wikseling fan de wacht yn de Twadde Keamer en de eventuele komst fan in nije minister, net liede ta minder ynset foar de Fryske taal en kultuer. Hja freegje de minister dêrom om faasje mei it dossier te meitsjen en te soargjen foar in goede oerdracht yn it ynwurkdossier fan De Jonge syn opfolger.

Taheakke: Fryske Keamerfragen

desimber 13, 2023 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.