Fryske bewegers kinne wat fan de Skotten leare

desimber 13, 2023 10:29

Ynstjoerd troch Kerst J. Huisman

Wat my sa opfalt oan skriuwerij fan lju yn de Fryske beweging is dat se hast altiten redenearje neffens it yn it offisjele Nederlân en de toansettende Nederlânske media gongbere narratyf. Dus: fóár de NAFO, fóár it kritykleas trochgean mei en yn de oarloch yn de Oekraïne (wat it ek mar kostje mei), swankend yn sympaty tusken Israel en Palestina, sympaty foar de Europeeske Uny en foaral ek it Nederlânske politike systeem sels. Ik haw sa stadichoan leard dat der yn de wrâld ek hiel oare, folle better ûnderboude en mear te respektearjen mieningen omgean. Dat haw ik dien troch alle mooglike boarnen op it ynternet te rieplachtsjen en fansels ek kritysk te hifkjen. Dat kostet tiid, dat wit ik, mar dy tiid haw ik. Elke moarn besteegje ik der minimaal ien oere oan, mar faken ek mear. En ik diel wykliks inkelde fan sokke ferhalen op facebook. Oan de reaksjes kin ik merkbite dat in soad lju dat wurdearje. Ik diel hjirby in ferhaal fan Craig Murray op de treflike ynternetside Consortium News.

De oprjochter fan dy side is Robert Parry (1949-2018) in priiswinnende Amerikaanske ûndersykssjoernalist, foaral bekend wurden troch syn alles oan it ljocht bringende stikken oer it Iran-Contra-skandaal en oare smearlapperij fan de CIA. De redaksje fan no besiket mei sukses yn de geast fan de oprjochter troch te gean. Ek dat is Amearika.

Craig Murray (berne 1958 yn it Ingelske Norfolk) waard aktyf by de jonge liberalen yn East Anglia, en brocht it ta Britsk ambassadeur yn Oezbekistan, fan 2002 oant 2004. Hy koe net yn de diplomatike tsjinst bliuwe, omdat er in aktivist foar minskerjochten waard. Lês syn nijsgjirrige libbensferhaal mar nei op Wikipedia. Nettsjinsteande syn yngreven Ingelske komôf, hat er him folslein identifisearre mei de nasjonale beweging yn Skotlân. Syn nasjonaliteit neamt er grutsk: Scottish.

Op Consortium News no in nijsgjirrich ferhaal fan Craig Murray, dat de Britske (lês Ingelske) polityk yn de kwestje Israel-Palestina bêst wol it Skotske stribjen nei ûnôfhinklikens in positive triuw jaan kin. Kom om sokke dingen mar ris yn de Fryske beweging. Jo wurde dêr moedeleas fan.

https://consortiumnews.com/2023/12/07/uk-support-for-genocide-can-boost-scottish-independence/

Craig Murray: UK Support for Genocide Can Boost Scottish Independence (gearfette toch Kerst Huisman)

Craig Murray.
Boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

De kop boppe it stik fan Murray seit: FK-stipe foar genoside kin Skotske ûnôfhinklikens stimulearje. En dan skriuwt er: “Der is oerweldigjende stipe foar Palestinen yn Skotlân en it feit dat belestingjild fan it Feriene Keninkryk (FK) bestege wurdt oan it begean fan in genoside, moat in fierdere triuw nei ûnôfhinklikens stimulearje.”

It regear fan it FK, skriuwt Murray, “is aktyf hândiedich oan genoside yn Gaza. Yndied, mei syn oanbod fan wapens oan Israel, it leverjen fan kommunikaasje-yntelliginsje en tafersjoch yn ‘e loft en it dielnimmen fan spesjale tsjinsten fan it Feriene Keninkryk, soe ik beweare dat it mear as meiwurkjen is.”

Resint omfreegjen hat dúdlik makke, dat in sterke Skotske mearderheid sjen litten hat dat har sympatyen oan de Palestynske kant lizze, wylst dat yn Wales en Ingelân oarsom leit.

Murray: “Ik soe beklamje dat neat dêrfan nij is: peilingen hawwe altyd folle hegere stipe foar Palestina yn Skotlân toand as yn Ingelân. Itselde jildt ek foar Ierlân, en ik haw gjin twivel dat yn sawol Skotlân as Ierlân dy ynstinktive stipe foar de Palestinen foar in part besibbe is oan folksûnthâld fan ûntheffing fan it lân en koloniale besetting.It is wichtich om te betinken dat de bûtengewoane opkomst fan de Skotske Nasjonale Partij (SNP) en stipe foar Skotske ûnôfhinklikens yn de earste desennia fan dizze iuw, foar in part, oandreaun troch wjerstân tsjin ‘e swiere FK belutsenens by de oanfallen op Irak, Afganistan, Libië en Syrië. Dy ymperialistyske oarloggen resultearren yn miljoenen deaden en slim skeinden en tsientallen miljoenen ferdreaunen, en de folsleine ferneatiging fan ynfrastruktuer yn dy lannen.”

“De driuw om frij te wêzen fan in steat dy’t kontinu dwaande wie mei agressive oarloch motivearre in protte Skotten om ûnôfhinklikens te stypjen. It kin dat no wer sizze oer FK-stipe foar genoside yn Gaza. It ûnberoaide neo-ymperialisme fan Tony Blair die ek in protte om de stipe fan Skotlân foar de Labour Party te brekken. Wy kinne no realistysk hoopje op in ferlykbere reaksje op it sionisme fan Keir Starmer.” Starmer is no lieder fan de Labour Party.

“Dy ôfkear wurdt no wer field. Elke boarger fan it Feriene Keninkryk is besmoarge troch de stipe fan de Britske steat oan genoside. Wy drage allegearre in drip ferantwurdlikens foar elke drip fan it bloed fan bern dy’t yn Gaza ferspile wurdt. Want aardich of net, it regear fan it Feriene Keninkryk fertsjintwurdiget ús. De militêre stipe dy’t it oan Israel jout, wurdt betelle mei ús belestingjild. Net ien fan ús die genôch om foar te kommen dat we regearre wurde troch eale ynskeakelers fan moard. Der binne graden fan hândiedigens, mar elkenien is fersmoarge.”

“Fansels is der in sterke beweging foar Palestina yn Ingelân, en in protte fan myn freonen binne derby. Mar hjir yn Skotlân wurkje wy yn in prinsipieel oare politike kultuer, dy’t mienskip en horizontale solidariteit wurdearret. Wy Skotten fertsjinje it rjocht om dy kultuer bloeie te litten yn stee fan it oplizzen fan in frjemde politike kultuer troch in folle grutter buorfolk.”

“Der is dúdlik blau wetter tusken de Skotske en Ingelske miening, en der is dúdlik blau wetter tusken Skotske en Londenske politike partijen. Der is ek dúdlik blau wetter binnen Skotlân tusken de (Skotsk) nasjonalistyske en de (Britsk) unionistyske miening. De Palestynske saak is populêr yn Skotlân en by it bestriden dêrfan befjochtsje wy ek rasisme. Dit is it momint om te fokusjen op gearwurkjen foar Palestina en alle ferdielende problemen oars as genoside op ‘e eftergrûn of miskien yn ‘e kuolkast te setten. Neat is mear fûneminteel as genoside, neat is driuwender om foar te kommen as genoside. Lit ús gearwurkje om it yn it foar te kommen.”

 

desimber 13, 2023 10:29
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Pieter de Zwart desimber 14, 10:18

    Wat moatte wy neffens de hear Huisman krekt fan de Skotten leare? Moatte wy meigean yn in folslein bespotlike beskuldiging fan “genoside”? Moatte wy geopolitike gelegenheidsarguminten oangripe yn stee fan ús te fokusjen op de ynhâld fan de eigen situaasje? As wy dat dwaan soene dan soargje je allinne mar foar lijen oer saken dy’t gjin relevânsje ha foar wat wy berikke wolle. Dat seagen je lêsten by de klimaatmars yn Amsterdam ek wol: Greta Thunberg har Palestynske freondinne die in oprop ta werklike genoside en dat foel by in soad minsken net yn goede ierde. Mei rjocht en reden: soks hat neat te krijen mei de doelen fan de mileubeweging en soarget foar in twaspjalt yn de beweging. Dy Craig Murray hat syn ferstân net.

    Elk mei fansels syn eigen miening en politike foarkar ha, mar lit ús as Fryske bewegers asjebleaft de fokus op de eigen ynhâld lizze en sjen nei saken dy’t ús ferbine yn stee fan saken dy’t ús ferdiele.

  2. Kerst Huisman desimber 14, 14:50

    Jo hawwe der neat fan begrepen, Pieter de Zwart. Dat komt omdat jo by dy kwestje yn it Midden-Easten altiten fuortdalik op ”tilt” springe. Ik stean by wat dy saak oanbelanget tink ik foar 60-65 persint, of mooglik noch wol wat mear, oan de kant fan Israel, mar foar de rest twivelje ik, krektlyk as in soad joaden ek. It giet my, en lês de earste twa sinnen fan myn stik ris goed nei, om it kritykleas folgjen fan it Nederlânske narratyf dat yn de Fryske beweging wenst is. Want as de beweging dêrmei trochgiet, is it aanst folslein ôfrûn mei ús taal en mienskip. Dat dit no tafallich sa útpakt mei in stik dêr’t jo sa fan oan de skiterij reitsje, dat is tafal. It gie derom dat Murray dúdlike ferskillen yn opfettingen sjocht tusken Ingelân en Skotlân. Dat hat yn it Fryske/noardlike gefal ek sa west en sil ynd e takomst wol wer sa wurde. Jo kinne folle better sjen nei wêr’t yn de Fryske mienskip tendinzen libje, dy’t ôfwike fan Nederlân. Oars kinne wy de Fryske Beweging aanst wol “Nederlandse Beweging” neame, sorry: noemen.

  3. Arjen J. Dijkstra desimber 14, 17:32

    Treflike ferdúdliking fan it punt, Huisman.

    Ast it hast oer dúdlike ferskillen yn opfettingen dan fyn ik de oarloch Israël/Gaza lykwols net in goed foarbyld. Dêr folgje in soad Friezen (en bewegers) it ‘Nederlânske’ perspektyf. Dêr binne wy dochs te folle in Westerske mienskip foar.

    De tendinzen wêr’t de hjoeddeistige Fryske mienskip ôfwykt fan Nederlân leit op in oar mêd, tink ik.

  4. Cor Jousma desimber 15, 17:54

    It gearfoegjen fan Nederlân hat fansels in hiele oare west as dy fan Brittanje. Dêrtroch hawwe wy yn Fryslân hast gjin minsken dy’t derút wolle. De bewegers sille neffens my dy oare minsken dan ek net berikke troch oan te heakjen by oare konflikten. De 20e iuw hat twa kear sjen litten wêr’t soks ta laat. Foar my persoanlik leit de klam dan ek op ‘e Fryske taal.

    As ik tink oan strideraasje dy’t ta resultaat laat hat, dan tink ik oan de aksjes fan KOZP. No kin ik oangeande it feit dat dy paazjepyt guon minsken oan ‘e slavernij tinken docht in hiel ein meigean, mar it fuortreagjen fan de Moar dy’t oan dy paazje foarôfgie fyn ik te koart om ‘e hoeke. Dy lêste figuer leit no krekt de link mei de mytology fan ús Yndo-europeeske kontinint en net mei Amerikaanske blackface-figueren. https://www.itnijs.frl/2021/12/it-mearke-fan-de-moarske-slaaf/

    As ik de Friezen sa by delsjoch, tink ik net dat wy noch in Kneppelfreed ferwachtsje kinne.

  5. Kerst Huisman desimber 18, 10:52

    It foarbyld fan Skotlân haw ik beskreaun, omdat it tafallich foarbykaam. Ik waard foaral troffen troch it feit, dat it stik skreaun wie troch in rasechte Ingelsman, dy’t ek noch as diplomaat yn tsjinst west hie fan His Majesty’s Govenment yn Londen. De man fielt him echt in Skot. Mar ik wie net op myn iepenst. Ik hie deroan tinke moatten, dat hjir minsken yn Fryslân binne dy’t dan wol in Frysk stikje skriuwe wolle en/of kinne, mar fierders foaral yn beslach nommen wurde troch har sympaty foar hiele oare saken. Lykas Piter de Zwart foar Israel en Sytze Hiemstra foar de Oekrayne. Piter troch alles hinne foar Israel, fanwege de bibel, en Sytze troch alles hinne foar Selenski, dy’t er al betitele hat as frijheidshelt. Mar ik fyn soks fiersten te absolút tocht. Der sitte oan dy kwestjes safolle kanten, jo kinne by it meitsjen fan jo oardiel echt net folstean mei de bibel of NRC-Handelsblad/Tijdschrift voor Geschiedenis. Ik fyn echt, dat wy fanút ús Fryske posysje goed sjen moatte wêr’t ús Fryske belang leit. Dat leit net echt by Nederlân.
    No kinne jo lykas Cor Jousma docht, oankomme mei it troch him neamde ferskil tusken Nederlân en Grut-Brittanje. Mar hy hie better de sterke oerienkomsten neame kind. Der hawwe generaasjes lang gjin trouwere en fêsthâldener Britten west as krekt de Skotten. Pas troch resinte ûntwikkelingen yn de twentichste iuw is it nasjonalisme fan de Skotten ta bloei kommen. Krektlyk as by de Skotten hawwe der generaasjes lang hast gjin trouwere Nederlanners west as de Friezen. No haw ik it net oer de Dútske besettingstiid, doe’t der mooglik wol reden wie om jin “Nederlanner” te fielen, mar foaral oer de opteine Fryske dielname oan de oarloch tsjin Yndonesie fan 1945 oant 1949. Ûnbegryplik haw ik dat altiten fûn, omdat ik yn de Súdeasthoeke grut wurden wie mei noch de tradysjes fan Domela Nieuwenhuis, dy’t al yn syn tiid it loslitten fan de koloanjes bepleite. Om de Tsiendaachske Fjildtocht tsjin de Belzen mar net iens te neamen. By Tresoar wienen se koartlyn noch o sa optein oer in hânskrift fan in Fryske frijwilliger út dy tiid. Ik wit net as immen de “weerbaarheidsliederen” fan dat rosmos wolris heard hat. Ik sil hjir mar gjin teksten sitearje. De grize giet jin oer de grouwe.
    Wêr’t it my by it pleatsen fan dat stik ek om gyng, wie it iepenjen fan in perspektyf, net nei it ferline, mar nei de takomst. Dy takomst sjocht net nammentlik net sa aardich út. Europa liket ta te gean op in nije militarisearring. Dat hat alles te krijen mei wat der yn de Oekrayne bart. Kom my no net oan mei dat dêr allinnich Ruslân de skuldige is. De skuld leit foar it meastepart by de NAFO, dy’t sa nedich opmarsjearje woe oant de grinzen fan Ruslân, of noch fierder. Soks yn striid mei it ûnthjit dat se yn 1989 dien hienen oan Gorbatsjow. Lju fan kwisekwânsje, lykas Henry Kissinger, warskôgen mei klam foar it grutte gefaar dat ferskûle siet yn it lid meitsje wollen fan de Oekrayne. Mar yn harren ûnmjitlike arrogânsje holden se har by de NAFO dôf foar elk reedlik argumint. Dat jildt likegoed, of faaks noch wol folle mear, foar kabinet en parlemint yn De Haach
    Mar wy binne no al safier, dat wy ek yn Fryslân, meisûge drige te wurden yn de Oekraynske draaikûle. Ik soe hiel graach wolle dat de skriuwers yn It Nijs en ek minsken yn de Fryske Beweging har bewust wurde fan dit gefaar. Hja soenen har hiel dúdlik útsprekke moatte tsjin oarlochsgefaar en foar de needsaak om ta fredesûnderhannelingen te kommen. Dat is folle better as it oarlochspraat dat ik no fierstentefolle út dy hoeke hear. Boppedat soe in fredesposysje fan de Fryske Beweging de striid foar de taal ek fuortsterkje.

  6. Pieter de Zwart desimber 19, 19:58

    Kerst, no leist yn dyn eardere reaksje prima út watst bedoelst en watst yn it stik sels noch net goed ferwurde hiest. Oer it ûnearlike ferwyt dat totaal foarbygie oan it punt fan myn eigen reaksje woe ik noch wol hinne lêze. Mar no hellest yn in folgjende reaksje dy’t neat mei dy fan my te krijen hat my der alwer by, mei frjemde – fantasearre – konklúzjes oer wat myn motiven wêze soene. Ik soe dy freegje wolle: De folgjende kear datst dat net litte kinst, soest myn namme dan wol goed skriuwe wolle?

    Noch efkes ynhâldlik: It helpt net datst yn it stik allinne geopolitike foarbylden neamd hast, mar do hast dyn punt yn de earste reaksje goed ferdúdlike. Ik bin it der lykwols noch altyd net mei iens en om deselde reden as earder: as je saken dy’t yn de basis neat mei de Fryske beweging te krijen ha oan de Fryske beweging keppelje, dan stjitte je minsken ôf. Elk mei oer dy saken syn/har eigen miening ha en dy romte moatte je net – al as net bewust – fan minsken ôfpakke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.