Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild

desimber 7, 2023 09:09

It ministearje fan BZK jout dizze moanne foar ien kear in bydrage fan € 75.000 foar de erkende talen Limburchsk, Nedersaksysk en Papiamintsk. Foar it Frysk is in bedrach fan € 200.000 beskikber. It jild is ornearre foar befoardering en beskerming fan de taal en kultuer.

Foto: Wikipedy – publyk domein

It kabinet lit witte dat it de erkende talen yn Nederlân sjocht as eat om grutsk op te wêzen, en dat alle regio’s telle. Dat jildt ek foar de taal dy’t de minsken dêr brûke om mei-inoar yn te praten en inoar yn te ferstean.

Provinsjes en gemeenten meie sels beslute oan hokker projekten oft se it jild útjouwe. Sa hat de provinsje Fryslân oanjûn it jild besteegje te wollen oan de sichtberens fan it Frysk yn ’e iepenbiere romte. De provinsje Limburch wol de middels ynsette foar it opsetten fan it Hoes veur ’t Limburgs, it plak dêr’t kennis- en ekspertize op it mêd fan de Limburchske taal byinoar komme.

Nederlân hat it Frysk, Nedersaksysk en Limburchsk earder erkend as minderheidstalen ûnder it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden. Dat makket dat de oerheid ferplichte is om de talen te beskermjen. Foar it Nedersaksysk en Limburchsk binne dêr ôfspraken oer makke mei de oanbelangjende desintrale oerheden. It Frysk hat as offisjele taal yn ’e provinsje Fryslân in bysûndere posysje. Ofspraken dêroer steane yn de Wet Gebrûk Fryske Taal en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en kultuer (BFTK).

It útstel om ek it Papiamintsk op Bonêre ûnder it Hânfest te erkennen, leit op it stuit by de Earste en Twadde Keamer. It waard earder bepraat yn de Bestjoersôfspraak Papiamintsk op Bonêre.
Delen

desimber 7, 2023 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.