Fraach oan de Nijslêzers: wat fûnen jim dit jier it nijsgjirrichste artikel?

desimber 22, 2023 21:10

De ein fan it jier is in tiid fan tebeksjen. Foar in krante is it in gaadlik skoft om berjochten fan it ôfrûne jier nochris oer te swyljen.  Mar wat is de muoite wurdich om fannijs yn it ljocht te jaan?  De redaksje hat it hiele jier al dwaande west mei it meitsjen fan in kar út it ûnbidige oanbod fan aktualiteiten; dat, no meie de lêzers fan It Nijs it sizze:

 

Wat fûnen jimme dit jier it nijsgjirrichste artikel op ItNijs.frl?

 

 

Njonken it nijs fan oer de hiele wrâld meie it ek filmkes, kollums, blochs, ynstjoerde stikken, dichten, ferhalen, cartoons, ensfh. wêze.  Om spesifike publikaasjes te sykjen kin yn alle tematyske kategoryen weromblêde wurde. Graach sjocht de redaksje in motivaasje wêrom’t foar jimme it útkeazen artikel it moaiste, bêste, nuveraardichste, ferheisterjendste, orizjineelste, komyske, opmerklikste of op hokfoar wize dan ek mar it measte nychheid oproppend wie. En wat better motivearre, nammerste grutter de kâns om útljochte te wurden.

Stjoer jim suggestjes foar de redaksje oer de mail nei ynfo@itnijs.frl.

desimber 22, 2023 21:10
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ferdinand de Jong desimber 23, 18:19

    Sûnder twivel:

    ‘Line Hut: Wat hast oan polarisaasje?’

    Sy stekt mei har jonge jierren, ûntjouwingsgong, motivaasje, ferstannigens en reedlikens as in moedjaand beaken boppe alle oare artikels út.

  2. Romke Keizer jannewaris 3, 10:44

    Ik fûn it stik oer Jan Bleatekop moai om te lêzen. Fansels wie it ferhaal my wol bekend, mar it is goed om de histoarje yn byld te hawwen. Ek de oare stikken fan Jangerben Mulder mei ik graach oer!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.