Gabrielle Terpstra: Fiif nije krystfilms om dizze krystdagen te sjen

desimber 18, 2023 19:44

Filmskôging

Desimber is de moaiste moanne fan it jier, teminsten, dat fyn ik. Gesellichheid, lampkes, krystbeammen, in hiel soad sûkelade en krystfilms!
Alle jierren komme der in hiel soad nije krystfilms by, sawol yn de bioskoop as ek op de streamingstsjinsten. Yn desimber is it lang tsjuster en is it waar min. Dêrom diel ik hokker films der op de streamingstsjinsten te sjen binne.

Best. Christmas. Ever! | Netflix 

Dizze film kaam dit jier as út earste op Netflix en giet oer Charlotte, dy’t mei har famylje by fersin by har freondinne Jackie en húshâlding telâne komt. Charlotte fynt dat it libben fan Jacky te moai is om wier te wêzen en wol bewize dat dat ek echt sa is. Dat soarget foar problemen en spanning, mar mei in bytsje krystmagy komt alles dochs noch goed.
2.5 Stjerren

Candy Cane Lane | Prime Video
Candy Cane Lane is in fleurige, spannende fantasyfilm mei Eddy Murphie yn de haadrol.
De man dy’t er spilet wol graach in wedstriid om it bêst fersierde hûs winne. Dêrfoar slút er in pakt mei in elf. Dy elf brûkt in spreuk dêr’t in enoarme gaos troch ûntstiet yn it lytse stedsje dêr’t de wedstriid holden wurdt, want de elf is gjin goeie elf.
3.5 stjerren

Foto: pixabay.com

Christmas As Usual | Netflix
In Noarske krystfilm op Netflix, myn ferwachtingen wiene frij heech. It ferhaal giet oer Thea, dy’t har leaf Jashan mei nei hûs nimt foar de feestdagen. De húshâlding is lykwols net echt sjarmearre fan de Yndiaaske Jashan, dy’t neat begrypt fan de Noarske krysttradysjes. Nimmen nimt ek de muoite om Jashan wat út te lizzen of om him kennen te learen, sels krysttiid is gjin ekskús foar dizze lichtlik rasistyske film, dêr’t sels de hûn in hekel yn hat oan ‘dat soarte fan minsken’.
1 stjer

Dashing Through the Snow | Disney+
Dizze film draait om Eddie en syn dochter Charlotte. Eddie leaut net yn de krystdagen, omdat er as bern teloarsteld is. Hy wurket as maatskiplik wurker en as er tegearre mei syn dochter in nuvere man tsjinkomt dy’t beweart de krystman te wêzen giet er efter him oan om him te helpen mei syn mentale sûnens. Sa bedarje heit en dochter yn in krystich aventoer.
In aardige, fleurige film. Allinnich it aktearwurk fan Ludacris, dy’t de haadrol fertolket, is net echt geweldich.
3 stjerren

Family Switch | Netflix
Yn Family Switch wikselje de leden fan de famylje Walker fan lichem troch in jûntsje yn it planetarium en de stân fan de planeten. Allegearre moatte se yn harren nije lichem de dei trochkomme en op ’e siik nei in wize om wer yn harren eigen lichem terjochte te kommen. De syktocht bringt harren tichter byinoar. In grappige flotte film foar de hiele famylje.
3 stjerren

 

desimber 18, 2023 19:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.