FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk

desimber 8, 2023 09:10

Fan de edysje 2023 fan FeRstival hawwe 28 fan de 75 foardragers de foarwedstriden oerlibbe. Hja stride sneon 9 desimber yn it Posthûs Teäter op It Hearrenfean om de prizen. De FeRstival-organisaasje stiet sneon ek stil by it 80-jierrige jubileum. Arjan Hut, de nije Dichter fan Fryslân, skreau spesjaal foar FeRstival in gedicht en draacht dat sneon by de iepening foar. Hy hat ek in sit yn ’e sjuery.

Boarne: Cedin

FeRstival is de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen fan 12 oant 18 jier. Al tachtich jier wurde learlingen útdage om de kompetysje oan te gean om sa moai mooglik in gedicht foar te dragen, om de seal te bespyljen, it publyk pikefel te besoargjen en om de Fryske poëzy libje te litten. Fan ’t jier wiene der 75 dielnimmers – fan 19 skoallokaasjes – by de foarwedstriden yn Ljouwert, Snits en Drachten. De 28 finalisten drage foar yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 en heger).

FeRstival wurdt organisearre troch Cedin ûnder de flagge fan Taalplan Frysk 2030. It evenemint waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. De finale yn it Posthûs Teäter op It Hearrenfean begjint sneon om 13.30 oere. Yntree is fergees, elkenien is wolkom. Yn it skoft komt My Little Ghost op it toaniel. Dy groep wûn yn juny de twadde priis by SjONG.

desimber 8, 2023 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.