Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân

desimber 9, 2023 08:10

Enerzjykoöperaasjes yn Fryslân kinne subsydzje oanfreegje foar it lokaal opwekjen en it besparjen fan enerzjy. Mei de dêrfoar ornearre tegoedbonregeling foar enerzjykoöperaasjes yn Fryslân kinne se foar elk projekt maksimaal € 5.000,- krije. De subsydzje is bedoeld foar it ynhieren fan ekspertize foar de ûntwikkeling fan nije projekten. De regeling soe ein dit jier ôfrinne. Provinsje Fryslân ferlinget dat oant 31 desimber 2024. Der is noch € 80.000,- beskikber.

Foto: Provinsje Fryslân

De regeling rint yntusken mear as trije jier. Yn totaal hawwe dêr 52 inisjativen subsydzje út krige. De tegoedbonnen binne benammen ynset om ekspertize yn te hieren foar de ûntwikkeling fan projekten om lokaal sinne-enerzjy op te wekken. De ôfrûne perioade waarden se breder ynset as de sinne-inisjativen. Mei de hjoeddeistige krapte op it elektrisiteitsnetwurk sette enerzjykoöperaasjes ek mear ekspertize yn foar enerzjybesparring, waarmte, opwekjen en opslach en just ek yn de kombinaasjes dêrfan.

It provinsjebestjoer fynt de stipe fan partikulieren en koöperaasjes by it ûntwikkeljen fan nije inisjativen wichtich. Enerzjykoöperaasjes drage by oan it duorsumer meitsjen fan de Fryske enerzjyfoarsjenning. Hja ferfolje dêr in wichtige maatskiplike rol yn. Mei de subsydzjeregeling foar lokale inisjativen komme enerzjyprojekten tichter by realisaasje. Profesjonele stipe is dêr tige wichtich by. Oan ’e iene kant om de realisaasje te befoarderjen, oan ’e oare kant om lokale inisjativen te beskermjen tsjin ûnnedige risiko’s.

Oanfregers kinne yn totaal fiif kear gebrûk meitsje fan in tegoedbon. Oanfreegje kin fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland.

desimber 9, 2023 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.