Fergetten gierst moat útkomst wêze foar rysprobleem yn Yndia

desimber 2, 2023 10:25

It is net streksum, fergriemt wetter en draacht by oan klimaatferoaring. Dochs leit rys alle dagen op it board fan de measte Yndiërs. Hoewol’t honger hast net mear foarkomt, is ûnderfieding in grut probleem yn Yndia. Rys draacht boppedat by oan diabetes, dat yn Yndia relatyf faak foarkomt. In iuwenâld, mar fergetten gewaaks moat útkomst biede: gierst. Op inisjatyf fan Yndia rôpen de Feriene Naasjes 2023 út ta it ‘Jier fan de Gierst’.

Pearelgierst (foto: pixabay.com)

Yn in genebank yn it suden fan Yndia wurdt yn in kuolopslach it sied fan tsientûzenen fariaasjes op alle gierstsoarten bewarre. Dy waarden yn 144 lannen sammele. De kolleksje tsjinnet as in fersekering foar in takomst mei klimaatferoaring, noch ûnbekende sykten en befolkingsgroei. Fingergierst bygelyks is tige ryk oan kalsium. Gjin inkeld gewaaks hat safolle as dat. En de measte fan de gierstsoarten binne bestân tsjin in ferskaat klimaat, minder wetter, hege temperatueren. Pearelgierst is bygelyks in gewaaks dat by temperatueren fan mear as 45 graden groeie kin. Gjin inkeld gewaaks kin dat.

De genebank makket ûnderdiel út fan it agrarysk ûndersyksynstitút foar in drûch en tropysk klimaat, ICRISAT, dat mei Yndia en de Fiedsel- en Lânbou-organisaasje (FAO) fan de Feriene Naasjes oan de wrâldwide promoasje fan gierst wurket. Dêr’t wetterkrapte is, is gierst in logyske ferfanger fan rys, seit in wurdfierder. Rys hat yn trochsneed 2500 liter wetter de kilo nedich om te groeien. Foar gierst is dat mar in fearn fan dy hoemannichte.

Rys is boppedat tige kwetsber foar klimaatferoaring. Troch ûnder mear oprinnende temperatueren, seizoensskommelingen en ekstreem waar rint de produksje de hektare tebek. Rysproduksje draacht ek by oan klimaatferoaring. Mear as oare gewaaksen stjit it metaangas út. The Economist skreau earder dit jier dat rysproduksje tolve persint fan de wrâldwide metaanútstjit feroarsaket en oardel persint fan alle broeikasgassen, wat te ferlykjen is mei de loftfeartsektor.

desimber 2, 2023 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.