Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân

desimber 6, 2023 14:44

Op 13 en 14 desimber 2023 wurdt yn Glasgow yn Skotlân troch de Universiteiten fan Glasgow en Edinburgh en de Ried fan Europa in evenemint oer it ferbetterjen fan de posysje fan minderheden en taalrjochten holden.

Glasgow (foto: pixabay.com)

De Universiteit fan Glasgow en de Universiteit fan Edinburgh organisearje in diskusje oer hoe’t Europa’s wichtichste minskerjochte-organisaasje hjoeddeiske inisjativen stypje kin om de rjochten fan etnyske en taalkundige minderheden yn Skotlân better te boargjen. Fertsjintwurdigers fan de advyskommisje en de kommisje fan saakkundigen oangeande it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen komme yn desimber nei Glasgow om mei beliedsmakkers te redendielen oer aktuele saken en resinte oanbefellingen, spesifyk foar Skotlân. Dat falt gear mei it oannimmen fan de Skotske taalferoardering en Skotske minskerjochtewet, dy’t op priemmen stiet.

By it evenemint sille fertsjintwurdigers fan de Ried fan Europa, it Skotske regear en boargers mei-inoar yn diskusje gean. Der wurdt ek in fraach- en antwurdsesje holden oer hoe’t de FCNM en ECRML beliedsûntwikkeling en ymplemintaasje stypje kinne. It evenemint sil bestean út in iepenbiere diskusje op 13 desimber en in diskusje oer oanbefellingen fan eksperts op de 14e, dêr’t men foar útnûge wêze moat.

Oanmelde foar it publyksevenemint op 13 desimber kin fia dizze link.

desimber 6, 2023 14:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ferdinand de Jong desimber 6, 17:15

    No, Ried, wachtsje de útkomsten ôf en organisearje sokssawat yn Ljouwert.‍

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.