Ensemble Boi Akih mei de ‘Messiah’ fan Händel yn Doarpstsjerke Huzum

desimber 2, 2023 11:32

It mearsidige Boi Akih bringt in fernijende en aktuele útfiering fan de Messiah fan Händel. Foar de gelegenheid wurkje sjongeres Monica Akihary en gitarist-komponist Niels Brouwer gear mei altfioeliste Saskia Meijs en koaraspiler Sekou Dioubate. It konsert is op snein 10 desimber om 15.00 oere yn de Doarpstsjerke Huzum yn Ljouwert.

Boi Akih (foto: ©Matthieu Landweer)

De útfiering fan it ferneamde oratoarium fan Georg Friedrich Händel út 1741 is folslein non-konformistysk, mar mei in protte respekt foar de oarspronklike komposysje en hielendal neffens de wurkwize fan Händel sels. Mei in besetting en klankfoarstelling yn ’e holle tinzen liet dy alsidige barokkomponist him ynspirearje troch it fakmanskip en de ekspresje fan de solisten. Hy paste syn eigen wurk faak oan as de útfiering dêrom frege en hy stie iepen foar feroaring, nije ideeën en stilen.

Boi Akih bringt in folslein oanpaste ferzje fan it masterwurk yn syn eigen muzykidioom en mei in net-aldendeiske besetting mei sânsnarige gitaar, altfioele, 35-snarige koara en sang. De eigensinnige kombinaasje fan dy snaarynstruminten foarmet in moai gehiel. Monica Akihary foarsjocht mei har fleksibele en waarme stim de klassike teksten fan nije sizzingskrêft.

Gitarist/komponist Niels Brouwer en sjongeres Monica Akihary foarmje sûnt 1997 de basis fan Boi Akih, dat hieltyd yn nije foarkommens syn wei op de ynternasjonale poadia fynt. Muzikale tradysjes fan de Molukken, Sunda en Bali wurde fermongen mei moderne jazz en ymprovisearre muzyk, klassike Yndiaanske muzyk en West-Afrikaanske grooves ta in unyk lûd. Ofrûne juny waard by InJazz yn Rotterdam buorkundich makke dat Monica Akihary de ‘Boy Edgar Priis 2023’ wûn hat, de wichtichste priis yn de Nederlânske jazz- en ymprovisearre muzyk. Op 6 desimber sil se de priis yn ûntfangst nimme yn it Bimhuis yn Amsterdam.

De tagongspriis is € 15. Kaarten kinne fan te foaren digitaal reservearre wurde fia it Ticketkantoor. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje is te finen op: www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.boiakih.com.

desimber 2, 2023 11:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.