Enerzjytaslach 2023: Fryske gemeenten romhertiger as yn trochsneed

desimber 31, 2023 08:24

Dit jier kamen wer in protte Friezen yn ’e knipe troch in tige hege enerzjyrekken. Húshâldens mei in leech ynkommen kinne dêrom in enerzjytaslach oer 2023 oanfreegje. De betingsten fan de ferskillende gemeenten rinne bot útinoar, docht bliken út eigen ûndersyk fan Independer. Yn Fryslân blike gemeenten skapliker as yn in protte oare provinsjes: se hantearje faker in rommere ynkommensgrins sadat mear minsken de taslach oanfreegje kinne.

Foto: pexels.com

It regear advisearret om de enerzjytaslach oer 2023 inkeld út te kearen oan húshâldens mei in ynkommen oant likernôch 120% fan de bystânsnoarm. Gemeenten kinne derfoar kieze om dy ynkommensgrins te ferheegjen en 29,2% fan de Nederlânske gemeenten docht dat ek.

Yn Fryslân binne gemeenten oer it algemien ynskikliker. Dêr hâldt sels 44,4% fan de gemeenten in rommere ynkommensnoarm oan. Húshâldens mei in wat heger salaris hawwe dêr ek rjocht op de folsleine enerzjytaslach.

Wa hat rjocht op de enerzjytaslach?
Foar safier bekend kinne alle Fryske húshâldens mei in ynkommen oant en mei 120% fan de bystânsnoarm de taslach oer 2023 oanfreegje. De gemeenten op folchoarder fan meast nei minst romme ynkommensgrins:

  • oant en mei 140% fan de bystânsnoarm: Eaststellingwerf
  • oant en mei 130% fan de bystânsnoarm: Dantumadiel, Harns, Skylge, Flylân, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân
  • oant en mei 125% fan de bystânsnoarm: Ljouwert
  • oant en mei 120% fan de bystânsnoarm: Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, It Hearrenfean, Weststellingwerf, De Fryske Marren, Skiermûntseach, Opsterlân en It Amelân

Soms is der in tuskenregeling foar húshâldens dy’t krekt wat mear as de ynkommensnoarm fertsjinje. Sy krije dan ek in enerzjytaslach, mar it giet om in folle leger bedrach. Yn Súdwest-Fryslân en op Skiermûntseach is der sprake fan sa’n tuskenregeling.

Yn Fryslân minder haast mei oanfreegjen
Wa’t rjocht hat op de enerzjytaslach 2023 moat him bewust wêze fan de uterste datum fan oanfreegjen. Dy kin fan gemeente ta gemeente ferskille en fariearret yn Fryslân fan 31 maart oant en mei 31 augustus 2024. Dat is yn skerp kontrast mei in protte gemeenten yn oare provinsjes. Yn fyftjin gemeenten koe mar oant 31 desimber 2023 de enerzjytaslach oer 2023 oanfrege wurde.

Yn ferskillende gemeenten is earder dit jier € 500 útkeard as ekstra taslach. Minsken dy’t dy oanfraach doe net dien hawwe, kinne yn de gemeenten dêr’t no noch € 800 as maksimaal bedrach stiet, gjin oanspraak mear op dy ekstra € 500 meitsje.

Op de ûndersyksside fan Independer binne de gegevens de gemeente te sjen. De data yn it berjocht wiene aktueel op 12 desimber 2023. It kin wêze dat gemeenten ûnderwilens mear bekend makke hawwe.

desimber 31, 2023 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.