Doede Wiersma: Wa is as Jahwèh?

desimber 17, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn ’e tiid dat ik oan de teologyske fakulteit yn Grins wurke, dielde ik in keamer mei dr. C.J. Labuschagne. Dat hat myn libben ferrike! Hy wie in grut gelearde, mar ek in waarmfielend man, dy’t troch de studinten op hannen droegen waard. Hy hie kredyt om’t er him yn Súd-Afrika ferset hie tsjin de apartheid en dêrom útwike moast nei ús lân.
Mear as oaren gie hy it lân yn om de wittenskip nei it folk te bringen. Hy preke op snein en gie troch de wike nei learhuzen en die dat, doe’t er 75 jier wie, noch. Syn boeken, Wat zegt de Bijbel in Gods naam (1973), Gods oude plakboek (1978), Zin en onzin over God (1994) en Zin en onzin rond de Bijbel (2000) hawwe bulten lju holpen om as modern minske leauwe te kinnen.
Syn proefskrift (1966) gie oer it ‘mei-net-ien-te-ferlykjen-wêzen-fan-Israels-God-Jahwèh’. Dat leit ek besletten yn de namme Micha, dy’t betsjut: Wa is oan Jahwèh gelyk? Yn it Earste Testamint wurdt oer Jahwèh sa’n tritich kear dy útspraak dien. (Bygelyks yn Exodus 15:11-13; Deuteronomium 4:32-35 en 33:26; 1 Samuël 2:2; Psalm 35:10; 71:19; 77:14; Psalm 82; 86:8; 113:5-9).
Dat dy God mei net ien te ferlykjen is, komt benammen troch syn hertstocht foar rjocht en gerjochtichheid en syn ynset foar earmen en swakken.
Troch dy unike God fielt Micha him roppen as profeet:

“Ik lykwols ha troch de Geast fan de Heare de krêft, it oardiel en de moed yn my, om Jakob syn misslaggen ûnder eagen te bringen en Israel syn sûnde” (Micha 3:8).

Letter sil Jezus Him brûke litte as ynstrumint fan Gods Geast (Johannes 1:32). Wat is it fan grut belang dat der hieltyd wer sokke minsken binne dy’t ‘echte’ ropping ha.
Dogge wy wol genôch om dat ‘mei-net-ien-te-ferlykjen-wêzen’ fan ús God helder te hâlden? Dat advint ús dêrta oantrúnje mei.

Lêze: Micha 3:1-8; 7:18-20

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 17, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.