Doede Wiersma: It earjen fan God is betingst foar frede op ierde!

Desimber 31, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Neffens Maarten Luther is it hert fan de minske in goadefabryk. De minske earet God, of wat oars. En wat leverje dy goaden op? Frede miskien?

De eare oan de god materialisme soarget foar egoïstyske minsken en in grutte miljeufersmoarging.
De eare oan de god kapitalisme makket earme lannen earmer.
De eare oan de god konsumpsje kin sykten oan hert en bloed-ieren ta gefolch hawwe.
De eare oan de god fitaliteit soarget foar oerspande minsken.
De eare oan de god fan de seksualiteit liedt ta mislearre houliken, hannel yn froulju en famkes foar porno en huorkerij.
De eare oan it Germaanske ras rûn út op ’e dea fan 6 miljoen Joaden.
De eare oan de blanken betsjutte slavernij en dea foar donkere minsken út Afrika.
Minsken dy’t de eare foar harsels opeaskje (partners, âlders, ûnderwizers, geastliken, politisy, bestjoerders, direkteuren) skeppe al hielendal gjin frede.

Leit it net foar de hân om eare oan God te sjen as betingst foar frede? Ommers, God is gerjochtichheid en dat is it alderwichtichste betingst foar frede.

De dichter fan Psalm 82 hat syn kar makke. En wy?

Lêze: Psalm 82

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe (boekeklub@kffb.nl)
Desimber 31, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.