Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is

desimber 10, 2023 07:18

Oertinking

Wat wie it in opluchting foar de minsken doe’t der in ein kaam oan it skrikbewâld fan diktators as Stalin, Hitler, Ceausescu, Milosovic, SaddamHoessein en mear fan dat soarte. Earst as sokken fan it toaniel ferdwine, is der romte foar nije lieders dy’t it better dogge.

Jesaja belibbe in tiid dat it folk yn it tsjuster gie en yn in lân wenne, swart as de nacht (Jesaja 9:1). Mar hy tsjûge fan ljocht en blidens, want yn in bern dat krekt berne wie, seach er fisjonêr in fredefoarst.
Yn syn fisjoen belibbet er dat soldatelearzens dy’t stampend oer de ierde geane, yn it fjoer fertarre… en dat it jok dat minsken ta lêst wie en de stôk fan slavedriuwers, brutsen wurde…
It is in fizioen oer de fiere takomst, want it bern leit noch yn ’e widze. Grutte wurden brûkt Jesaja om dat bern te beskriuwen: Wiis bestjoerder, God fol libbenskrêft, held fan de Ivige Heit, Fredefoarst.
Dy fredefoarst sil derfoar soargje dat swurden omsmeid wurde ta ploechizers en spearen ta sichten. Gjin folk sil langer de wapens opnimme tsjin in oar folk, en se sille har net mear op fjochterij útlizze (Jesaja 2:4).

As Jezus folwoeksen is, dan wol Hy mei hert en siel libje neffens dy âlde dream fan Jesaja. Syn namme Jozua (‘Jahwèh is befrijing’) betsjut suver itselde as de namme Jesaja (‘Help is Jahwèh’). Jezus is de politikus dy’t foar frede is.

Mei Nicolaas Beets bidde wy:

“O Fredefoarst, jo kinn’ de frede
op ierde en yn myn siele jaan” (Gesang 26:4).

Lêze: Jesaja 9:1-6 en Gesang 25 of 26 (Lfdt 1977) / Liet 448 of 482 (Lb 2015)

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 10, 2023 07:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.