Doede Wiersma: Hekkelje en slatte

desimber 24, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn ’e hjerst moatte de sleatten hekkele en útdjippe wurde. Oars groeie se ticht. Dan is der gjin romte om wetter op te slaan foar drûge, of ôf te fieren yn wiete tiden. Boppedat jout in skjinne sleat goed drinkwetter foar it fee.

As boarne fan frede rekke Jeruzalem kear op kear fersmoarge. Net ien hat dat djipper peild, en deroan lijd, as de profeet Ezechiël. Syn kearnwurd foar dy fersmoarging is ‘grouwel’.
Grouwélich is it om’t de minsken inoar troch har ôffal fan God net mear as minsken behannelje: It lân is in see fan bloed (Ezechiël 8:9). Ezechiël makke mei dat Jeruzalem ferovere waard en de timpel ferwoeste. Hy waard mei de ballingen nei Babel brocht. En dêr kriget er syn fisjoenen.
“Gjin inkelde profeet hat in fisjoen hân as hy. Gjin inkeld fisjoen hat sa ticht by de uterste grinzen west as sines. Nimmen hat syn ljocht oer de takomst skine litten as hy en gjin oar ljocht hat safolle tsjusternis ferdreaun.
Ezechiël sil altyd de profeet fan de ferbylding bliuwe, ferbylding fan it no en fan de takomst” (Elie Wiesel yn Profetisch eerbetoon, 2000).
Yn Ezechiël 8-11 lêze wy it fisjoen oer it bedjer fan Jeruzalem. De minsken moatte in nij hert krije en wer freonskip mei God wolle (Ezechiël 11:19 en 20). Yn Ezechiël 40-48 fine wy it fisjoen oer de takomst, wannear’t der wer in nije timpel yn Jeruzalem komt. Prachtich is it byld fan de rivier: “Ja, wêr’t dizze rivier komt, sil it brûze fan libben (…) want it wetter komt út it hillichdom; dêrom binne it fruchten om te iten en de blêden binne medisyn” (Ezechiël 47:10-12).

In pear hûndert jier letter hawwe minsken Jezus belibbe as ‘libben wetter’. Advint freget ús om yn figuerlike sin de sleatten te heakkeljen en te slatten. Oars kin wat Jezus wol, ús net berikke. Ha wy hjoed-de-dei net slim ferlet fan ‘libben wetter’?

Lêze: Ezechiël 8:1-3; 11:14-25

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 24, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.