Denzel Washington tiisdei yn ‘Het Uur van de Wolf’

desimber 10, 2023 08:16 Fernijd

Hy spilet gangsters, aksjehelden en histoaryske figueren yn de grutste films fan Hollywood en is neffens The New York Times de bêste akteur fan de 21e iuw: Denzel Washington. Wa is de ynbannige man efter dy suksessen? Oan ’e hân fan talleaze filmfragminten út syn karriêre sketst regisseur Sonia Dauger it byld fan in topakteur dy’t net yn ien hokje te setten is.

Denzel Washington (foto: Wikipedia/GabboT – CC BY-SA 2.0)

De dokumintêre Denzel Washington – An American Model is in filmyske reis troch de karriêre fan in twafâldich Oscarwinner en tagelyk in blik op ’e skiednis fan de Feriene Steaten fan swarte Amerikanen. De útstjoering is yn Het Uur van de Wolf op tiisdei 12 desimber om 22.35 oere op NPO 2.

Denzel Washington (1954) wol yn syn jongere jierren eins dokter wurde, mar by in teäterles op ’e universiteit ûntdekt er dat syn passy earne oars leit. Hy skitteret yn it teäter en op Broadway, mar syn trochbraak by it grutte publyk belibbet er dochs yn in wite doktersjas: yn de sikehûssearje St. Elsewhere.

Malcolm X
It is de start fan in 45-jier duorjende filmkarriêre dy’t oant hjoed-de-dei trochgiet. Washington makket furoare mei syn fertolkingen fan histoaryske figueren, lykas in soldaat yn de Amerikaanske boargeroarloch yn Glory (1989), en Malcolm X yn de film mei deselde titel út 1992 fan Spike Lee. Foar dy film nimt er in jier de tiid om folslein ien te wurden mei it personaazje fan Malcolm X. De film wurdt in klassiker dy’t fan in protte betsjutting foar de swarte mienskip is.

Shakespeare
As er yn 2001 de Oscar foar bêste akteur yn ûntfangst nimt foar syn rol yn plysjethriller Training Day is syn stjerrestatus folslein. Washington dûkt fan it iene projekt yn it oare en lit syn mearsidigens sjen. Hy is in drugsbaron yn American Gangster (2007), spilet yn sjenrefilms as The Book of Eli (2010), aksjefilms as The Equalizer (2014) en fertolket de titelrol yn it Shakespeare-drama The Tragedy of MacBeth (2021). Troch net inkeld foar histoaryske films te kiezen, wol er beklamje dat in Afro-Amerikaanske akteur yn it foarste plak in akteur is.

Afro-Amerikaanske skiednis
Oan ’e hân fan materiaal út Washingtons gigantyske oeuvre en ynterviewfragminten wit regisseur Sonia Dauger yn Denzel – An American Model it ljocht falle te litten op de persoan efter de akteur en in ynsjoch te jaan yn de Afro-Amerikaanske skiednis fan de Feriene Steaten.

Regisseur: Sonia Dauger;
Produsint: Brainworks, Arte France.

Utstjoering: Het Uur van de Wolf: Denzel Washington – An American Model is tiisdei 12 desimber om 22.35 oere te sjen by de NTR op NPO 2.

desimber 10, 2023 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.