De Sevenaerpleats  (ferhaal)

desimber 2, 2023 10:00

Foar in ferhaal oer de Sevenaerpleats by Aldhoarne moatte we efkes yn de tiid tebek. De skiednis spilet nei 1800, want de Sevenaerstate is yn 1791 yn flammen opgien. Dat wie in state mei in opleane en grêften. Lykas safolle staten yn Fryslân is ek dy state net wer opboud. Op dat plak kaam de Sevenaerpleats, in grutte pleats foar dy omkriten. Dêr, oan de Bûtenwei, moat de neifolgjende skiednis him ôfspile ha. De Sevenerswyk (en no de dyk) rûn der flak bylâns.

It gie net sa bêst by de boer op de Sevenaerpleats. Oft er net goed buorkje koe, of dat er troch oare omstannichheden yn ’e skulden rekke wie, dat kinne we net neigean. Hoe dan ek, it stie der net sa bêst mei him foar. De skuldeaskers sieten him op ’e nekke, en it wie yn dy tiid noch net lykas no, dat de banken eins de eigeners fan alle grutte pleatsen wiene.
Wy boargers sizze no ek wolris dat we in eigen hûs ha, mar dat is yn de measte gefallen net wier, it is eins it hûs  fan de bank en wy meie der, salang as we de rinte betelje, yn wenje. En as we dat net mear kinne en we losse neat mear ôf, dan moat it spul ferkocht wurde. Dat jout argewaasje en in protte ellinde.
Yn dy tiid waard foaral liend fan minsken mei jild en ek wol fan famylje as dy der goed by siet. En leau mar dat soks goed fêstlein waard. In notaris makke stikken op, ‘obligaasjes’, en dan moast der rinte betelle wurde en nei ferrin fan tiid moast de skuld ôflost wurde. Oars waard alles ferkocht oant de teeleppeltsjes ta. Dat hong dizze boer ek boppe de holle.

Doe’t er op in moarn in hear yn in swart pak en mei in hege hoed op troch de homeie kommen seach, krige er it tige benaud. Soks koe net folle goeds betsjutte. Minsken yn swarte pakken mei hege huodden op kamen meastal of om jild op te easkjen of om leed oan te sizzen. De boer wie dêrom ek net sa tasjitlik en dat fernaam de man wol. Dêrom frege er: “Is it goed mei jo?” Ja, om’t de need heech wie, moast er wol mei it wetter foar de dokter komme en fertelde er oer de jildsoargen en de efterstân by it beteljen fan de rinte. De man hearde dat oan en knikte fol begryp. Dat koe er him skoan yntinke. Hy seach ris nei de grutte pleats en nei it efterstallich ûnderhâld en sei doe: “Ik sil jo helpe. Jo kinne fan my jild liene, mar ûnder ien betingst, dat ik de helte fan alles krij dat op jo boulân waakst. Takomme hjerst kom ik wer en dan helje ik it op.”

De boer gie akkoart en der waard in skuldbekentenis tekene. Syn frou, dy’t der ek bykommen wie, hie de man al ris oansjoen en hy hie de frou ek al ris besjoen. Ja, se hiene wol niget oaninoar.
Nei in kop kofje en wat derby sette de man de hoed wer op en winske de boer en de frou in protte lok mei it jild en sette ôf. De boer wie tige optein oer de ôfspraak dy’t se makke hiene, mar nei in skoftke begûn er der wat oars oer te tinken. It besaude him suver dat er de helte fan de opbringst oan dy man jaan moast. As er no ris ierappels ferboude, dy sieten yn ’e grûn, dan hoegde er dy jildsjitter neat te jaan. Dat die er dan ek, mar sûnder mei syn frou te oerlizzen.

Doe’t de man yn kwestje mei syn hantlangers de hjerst derop kaam om te rispjen, wie der neat te sjen. Dat  makke de man poerlilk en hy sei: “Takomme hjerst kom ik wer en dan moat ik alles ha wat yn ’e grûn sit.” “Dat kin wol”, sei de boer spytgnyskjend en ferboude doe rogge op syn boulân.

Doe’t de jildsjitter wer kaam mei syn personiel, wie der wer neat om mei te nimmen. Fansels wiene de rapen doe goed gear. Sa wie er noch nea te fiter nommen. “Is dyn wiif thús?”, frege er. “Nee”, sei de boer, “dy is in pear dagen nei har mem te húshimmeljen.”

De man tocht ris nei en sei: “Ik kom nije wike wer by jo en dan moat jo frou foar my neaken yn it bedstee klearlizze, en sa net, dan bisto de buorkerij kwyt.” De boer koe der no net mear foarwei, mar op sa’n manier soe er wol fan syn skuld ôf wêze. Boppedat wiene de hantlangers fan de man tsjûge fan syn jawurd.

Doe’t de man de oare wyks wer kaam en syn lean opeaske en nei it bedstee gie, skrille er tebek. Dêr lei de boerinne bleat op in lekken, sûnder striesekken en alhiel ynsmard mei sjerp. Se kleefde oan alle kanten. De aardichheid wie der foargoed ôf. Tajaan wie der doe net mear by. De man waard breinroer en raasde alles byinoar. En wat der doe barde, de boer doarst it hast oan gjinien te fertellen. De man en ek syn folk ferwikselen fan stal. De keamer rekke fol mei reek en it stonk nei helle-swevel. De fuotten fan de man feroaren yn bokkepoaten en út syn efterste kaam in sturt, ek noch wol mei sa’n skerpe punt deroan. Syn antlit wie net mear om oan te sjen. De hoarnen stutsen út de foarholle, wylst syn eagen gloeiden as giele fjoerkoaltsjes. Mei in ôfgryslike skreau waarden se ynienen wei.

Doe begriepen de boer en syn frou dat de duvel op besite west hie en dat se him te fiter hân hiene. It hie harren fierder gjin jild koste, mar de boer moast wol in dei oan it sjerpslikjen om syn frou skjin te krijen. Ja, der mocht neat ferlern gean no? Hy lei der op it lêst op ’e knibbels foar. En syn frou? Dy hat yn har libben noch nea sa’n wille hân. Foar har mocht dy ‘âldfeint’ noch wolris lâns komme.

Noch jierren letter koene de boer en de frou de swevellucht rûke dy’t yn de keamer hingjen bleaun wie. Dêr koe gjin griene sjippe tsjin op. Yn ’t ferfolch ieten se mar yn de stookhutte.

En no? Noch hieltyd binne der minsken dy’t, as se oer de Bûtenwei rinne en by de Sevenaerpleats komme, miene dat se dêr swevellucht rûke. Jûns let as de dize oer de fjilden leit en it begjint te tsjusterjen yn de beammen en oer de heide op de Lytse Kiekenberch, kin men, as men der iepen foar stiet, fjurrige ljochtsjes sweven sjen fan it folk fan Koarthakke, dat de pleats yn ’e gaten hâldt en wachtet oant de boerinne har noch ris bleat jaan wol.

Ien kear yn it jier, op de earste jannewaris, as it Koaipaad foar besikers ôfsletten is, rint der in hear yn in swart pak mei in swarte hege hoed op troch it hikje oer it paad en giet op it bankje sitten op it plak dêr’t earder de koaiker syn einekoai hie en hy jout dêr dan op ’en nij ynstruksjes oan syn trawanten.

©  Henk F. Hansma, De Himrik

desimber 2, 2023 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.