Briefkje (96): Wêrom, wat en hoe yn skreaune taal

desimber 19, 2023 08:00

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

ús (skreaune) taal moat grammatikaal yn oarder wêze, mar in stilistysk goed fersoarge tekst is ek hiel wat wurdich. Do hast dêr ferline wike moaie foarbylden fan sjen litten. Allinnich al troch minder wurden te brûken kin in tekst lêsberder wurde; ynhâldlik like dúdlik, mar nofliker om te lêzen. De ferhâlding fan ‘begryplik’ en ‘noflik’ is nijsgjirrich; lizze dy net yn inoars ferlingde? Yn ’e poëzy wurdt ek op it tal wurden besunige (dichtsjen is kompakt meitsjen). Dêr kin in tekst krêftiger fan wurde, mar net fuortendaliks begrypliker. In spannende relaasje tusken de kwalifikaasjes krêftich, begryplik en noflik (of kin ik sizze estetysk?). Nijsgjirrich, en foar guon faaks noflik, om dêr yn it koartst fan ’e dagen oer nei te tinken.

Der binne mear fan sokke kriteariums dy’t my by taalskôging yn ’e holle omgean. De rol fan de foarkarswurdlist, bygelyks. Yn hoefier moatte wy ús dêroan hâlde? It is ommers gjin strang foarskreaune noarm. Yn de polityk wurdt by it gearstallen fan in koälysje praat oer ‘gedoogsteun’. Tusken skrapkes, want is dêr wol in goed Frysk wurd foar? Yn ’e praktyk sil it wol ‘gedoochstipe’ wurde. ‘Gedogen’ hat it Frysk alternativen foar lykas talitte, tastean, duldzje of ferneare, mar in gearstalling mei stipe giet net fan herten.

Hawar, it giet oer noarm; dy is needsaaklik, want noarmleazens laat ta gaos. De noarm is op dit stuit dat we ús safolle mooglik oan de foarkarswurdlist hâlde. Dat hâldt yn dat ôfwikingen tastien binne. Is dat net aardich, bringt dat net wat libben yn de taal? As lykwols foar sa’n ôfwikende foarm keazen wurdt, moat it wol in bewuste kar wêze. As ien dêr in sin by hat en brûk op grûn fan logyske motiven in ôfwikende foarm, dan moat dat lije kinne. Soks is te fernearen en boppedat soe dy kar neifolging krije kinne; safierhinne sels dat de oarspronklike foarkar ferkrongen wurdt. It is miskien hypotetysk, mar ik kin my foarstelle dat de foarkarswurdlist troch it yn mearheid brûken fan in oare foarkar, ea ris oanpast wurdt.
Der binne lju dy’t it mier oan de foarkarswurdlist hawwe en gewoanwei prate en skriuwe sa’t se dat altyd dogge en dêrmei út. Dat kin fansels gjin kant út, want as taalbrûker moatst wol neitinke by watst seist en skriuwst, net allinnich oer de ynhâld, mar ek oer de foarm.
Der is noch in oar probleem mei dy fêststelde foarkar: Hoe kinne media, kranten en útjouwers, mei dy foarkar omgean? Soe It Nijs bygelyks stelle kine dat alle bydragen oan de foarkarswurdlist foldwaan moatte? Soene bydragen dy’t dêr net oan foldogge, wegere wurde kinne? It liket my it bêste om bydragen altyd oan de foarkar oan te passen, mar dat is wol arbitrêr. Ynstjoerders dy’t har net rjocht mei it Frysk skriuwen fertrouwe, meie der wiis mei wêze as harren tekst behoffene wurdt. Dy is net samar oanpast oan de foarkar, mar ek ferbettere. En dejingen dy’t mei sin harren foarkar jilde litte wolle, kin dochs mei praat wurde. In oplossing of in útsûndering moat mooglik wêze.

Ik wol ek noch efkes yngean op de lêste opmerking yn dyn brief: it betreklik foarnamwurd dy’t dat weromwiist nei in it-wurd. Yn ’e Opfrysker sjoch ik ek dat it fersin faak foarkomt: ‘in bedriuw dy’t it goed docht’, ‘in museum dy’t sletten is’, ‘in fûnis dy’t útsprutsen wurdt, ensfh.
Dat der in ûnderskied is yn de- en it-wurden is net foar elkenien dúdlik, benammen ‘oarstaligen’ is it in probleem foar. Men soe hast tinke kinne dat it-wurden út ús taal ferdwine sille (it Ingelsk kin der ek sûnder). Dan hoege we ek net mear te kiezen tusken dy’t of dat. Fuort mei dy it-wurden; skeelt wer in protte taalflaters. Mar sa ienfâldich giet dat net yn de taalpraktyk. Ferlytsingswurden binne allegearre it-wurden en dat is wakker ferankere yn ’e taal. Dêr wurde neffens my ek net folle dy’t/dat-flaters mei makke. Sjoch ik dat goed?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

desimber 19, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Slager jannewaris 5, 15:52

    gedoogsteun geven – blanko stimme?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.