Briefke (94): In goarre tsjûget net fan froedens

desimber 5, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarige brief.

Bêste Jan,

De koarleden yn Beetstersweach sille no better begripe wat se sjonge. Wat no krekt de betsjutting fan froed yn dy liettekst is, sil nea hielendal dúdlik wurde; wy kinne ommers net witte wat de dichter by it skriuwen yn ’e holle hie. Dat guon by ‘fredich’ útkomme is faaks te ferklearjen út it feit dat de froedskip, it wize stedsbestjoer, de taak hie om de frede te bewarjen. Mar by it sykjen yn wurdboeken en oare boarnen, ek nei de etymology fan it Hollânske ‘vroed’, wurde ‘fredich’ en ‘guodlik’ (of Hollânske wjergaders dêrfan) net fûn.
Mooglik komme der noch reaksjes fan lju dy’t mear oer froed (en from) opmerke wolle. Mar ik wol it hjir earst by litte, want do neamdest noch inkelde oare nijsgjirrige taaldinkjes yn dyn brief.

It trema op geaën is net nedich en dat hasto kreas útlein. It Frysk hat it haadwurd aan (fermoeden); yn it Dútsk is dat Ahnung (net Ahn, want dat is wat oars) en dêr heart it tiidwurd ahnen (in foargefoel hawwe) by. In ferlykber tiidwurd ‘anen’ hat it Frysk net en dêrom is ‘geaan’ ek net mooglik. It wurd ‘ge-aen’ bestie foar 1980, doe’t de skriuwwize ae noch brûkt waard foar it lange a-lûd, ek net. Dêrom soe ik sizze dat it trema op geaën doe ek al net nedich wie. Mar foar de dúdlikheid dan? Dy eae-kombinaasje liket wol wat apart. No, fuort dan mar, wy wolle foar ekstra dúdlikens ek in skerp teken op mandélich en oerémis, wylst dat net perfoarst nedich is. Ik wol deroan taheakje dat wy op ’e Sweach in Fockema Andreaeleane hawwe. Yn Andreae hat de eae in oare histoaryske eftergrûn en soe in trema ferkeard wêze.

De saneamde gean-goarre is al hiel wat oer skreau en wreaun. ‘Der giet hjoed-de-dei hiel wat gebeure.’
It is in ienfâldige en dúdlike regel dat gean altyd in beweging útdrukt, rinne, derop útgean. Ik wit dat der yn it Nederlânsk ek oer diskusjearre wurdt: ‘gaan is het nieuwe zullen.’ It is safier hinne dat der bespotlike sinnen produsearre wurde. In foarbyld út it waarberjocht (NOS-journaal): “Er gaan morgen nog veel meer buien aan zitten te komen.” Trije tiidwurden dy’t alle trije wat ferskillends oanjouwe. Soks wol in Frysktalige dochs net oan? Gean, sitte en komme hawwe in konkrete ynhâld. De tsjinstelde betsjutting fan gean en komme wurdt ek oer de kop sjoen yn it folgjende foarbyld. Ek út in waarberjocht dêr’t de waarman yn oankundige dat der in soad bewolking op kommendewei wie: “Die bewolking gaat voor veel regen zorgen.” Dy bewolking gie hielendal net, want dy moast noch komme. Hie er net sizze kinnen: “Die bewolking komt voor veel regen zorgen”?
Ik haw Hollânske sinnen as foarbyld nommen omdat se in bedriging foar it Frysk binne: it ynterferinsjegefaar is grut. Gelokkich wurdt yn it Frysk noch wol fêstholden oan de letterlike betsjutting fan tiidwurden as gean en komme en it is te hoopjen dat it net sa’n healwize goarre wurdt as yn it Hollânsk.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

desimber 5, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jaap desimber 7, 19:13

    Bêste Jan en Ed,
    Ik wit ek net wat de dichter krekt foarhie mei ‘froed’ yn ‘Dêr’t hjar froed de geaën spriede’, mar ik stel mar wat út…
    Sizze wy net fan ‘sa froed as Bijke’? Hat dy bravens fan Bijke net in beskate foarspelberens yn, in wisse ienfâld? Dy foarspelberens komt neffens my ek ta utering yn ‘net te froed en net te tsjoed’, dêr’t ‘tsjoed’ it tsjinstelde yn útdrukt. Soe ‘froed’ yn boppeneamde dichtrigel dêrom net ‘rjucht en sljucht’ betsjutte kinne, ‘it lân leit der kreas en kreep hinne’? Of sykje ik it no te fier?

  2. Ed desimber 13, 09:36

    Tank, Jaap, foar dyn opmerking.
    It is in nijsgjirrige oanfolling op de troch ús betochte ynterpretaasjes. Net ien wit hoefier’t it socht wurde moat.
    Jan Breimer
    Ed Knotter

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.