Arjan Hut – Utopia

desimber 1, 2023 10:30

Kollum

Mariusz Kubik, Szymbosrka yn 2009. Sy stoar yn 2012. Boarne: Wikimedia Commons,  CC BY-SA 3.0

Utopia fan Wislawa Szymborska is in gedicht dat sa fier as ik wit (mar dêr bin ik net wis fan) noch net earder yn it Frysk oerset wie. It stiet yn de bondel Wielka liczba (“Grutte getallen”, 1976). Doe’t sy tweintich jier letter de Nobelpriis foar de literatuer krige, skreau se in essay oer de kreative krêften dy’t loskomme út ûnwissens. Of wie it de taspraak by it akseptearjen fan de priis? Sykje we ris op.

Ja, immen dy’t alles wit, dat moat oantreklik wêze. Jûns op de tv prate ‘duiders’ as orakels oer de waan fan de dei. Life-coaches kinne it wurk amper oan, skynt. It folk siket yn ûnwisse tiden (en binne de tiden net altyd ûnwis? Soe kinne, mar ik hâld in slach om ’e earm) om fêstichheid. Wissichheid, it jout, sa’t in reklame op Omrop Fryslân jierren lyn sei, ‘rust in de kop’. Wie it in reklame fan in bank, of in fersekerder, of in hypoteekjouwer? Wa wit.

Szymborska is ien fan de bekendste nammen yn de skiednis fan de poëzy, soks doar ik wol te bewearen. Har wurk is ek yn Fryslân trochkrongen. Edwin de Groot, bygelyks, lit him yn syn resinte bondel troch har ynspirearje. Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres:

do bist – do moatst foarbygean
do giest foarby – en alles is okee

Neffens har komt ynspiraasje nei alle minsken dy’t bewust harren berop keazen ha en dat mei leafde en ferwûndering útfiere. Túnkers, dosinten, keunstners, ja, grif ek politisy en life-coaches. “Problemen en tsjinslaggen bedimje nea harren nijsgjirrichheid. Alle problemen dy’t se oplosse roppe talleaze nije fragen op. Wat ynspiraasje ek wêze mei, it wurdt berne út in oanhâldend ‘ik wit it net’.”

Dus wat wol Szymborska sizze mei har fers Utopia? In utopy, in skets fan in ideale mienskip as foarbyld foar de wiere wrâld. It eilân dat sy yn it gedicht sketst liket in ideaal plak, dêr’t op alle fragen in antwurd is en jins fermoedens befêstige wurde. Wat moat dat hearlik wêze, gelyk hawwe en gelyk krije! Alle mystearje ûntraffele. Of net? It eilân, sa docht bliken, is ûnbewenne. Alde fuotprinten liede nei de see om dêryn te ferdwinen.

Do komst net wêr’tsto wêze moatst troch te witten wêr’tsto hinne giest. Al besykje wy noch sa fêst te stellen wat gewoan, normaal en logysk is, de realiteit giet syn eigen wei. De saken lizze, al hoe wis as men ek wêze kin, gauris krekt wat oars. De realiteit liket earder op in gedicht as op in wetboek. Miskien.

Utopia

It eilân dêr’t alles helder wurdt.

Hjir kin men op grûn fan fêste bewizen stean.

Der binne gjin oare wegen as de tagongswei.

De strewellen sakje yn fan alle antwurden.

Hjir groeit de beam fan it Hie It Al Tocht
mei ivich ûntraffele tûken

De ferblynjend ienfâldige beam fan it Begripen
by de boarne dy’t Ah Sit Dat Sa hjit.

Wat djipper de bosken yn, wat breder
it Dal fan ‘e Fanselsheden

Komme der twivels op, dan ferjaget de wyn se.

De echo nimt op eigen inisjatyf it wurd
en ferhelderet graach de geheimen fan ‘e wrâlden.

Rjochts de grot dêr’t Betsjutting leit.

Lofts de mar fan ‘e Djippe Oertsjûging.

De wierheid weakket him los fan ‘e boaiem en driuwt súntsjes
omheech.

Oer it dal tuorket de Rotsfêste Sekerheid op.

Fan de top ôf strekt him it Wêzen fan ‘e Dingen út.

Nettsjinsteande dizze ferliedingen is it eilân ûnbewenne

en de dizige fuotspoaren dy’tsto op de kusten sjochst
wize sûnder útsûndering rjochting see.

As soe men hjirre inkeld mar ôfreizgje
om dêrnei definityf de djipte yn te sinken.

Yn in libben dat net te ûntriedseljen falt.

(Oersetting: Arjan Hut)

desimber 1, 2023 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.