Arjan Hut: Krystoertinkens

desimber 18, 2023 17:59

Kollum

“Is dat typisch wat voor dichters, geen rijbewijs hebben?”, freget Jankobus Seunnenga. We sitte noflik by it digitale hurdfjoer yn kafee De Watersport yn Heech, krekt foar de ûntbleating fan it gedicht fan Gerard Reve. Myn rêdende ingel en gelegenheidssjauffeur Marije de Lange sit der ek by en har soantsje boartet mei syn autokes. Sy hat my ophelle fan it sympoasium Gender Matters yn Ljouwert, oars hie ik hjir no net sa moai op ’e tiid yn it kafee west. 

Op de webside fan Tzum ferskynde in dei of wat earder in opinystik oer Reve syn foardracht op de Nacht fan de poëzie yn 1975. Dêr stie er yn it swart mei runetekens om ’e nekke en droech as proto-populist syn gedicht de Blanke macht foar: O Nederland ontwaakt! / Gooi al dat zwarte tuig eruit! / Ons land voor ons! / Op naar de blanke macht!’. Wie er benaud fan minsken mei in kleurke? Of wie it teäter?

Seunnenga sil foar de ûnbleating fan it gedicht yn Heech in tekst fan Reve sjonge. Ik draach in gelegenheidsgedicht foar en feroarje earst noch in wurd hjir en dêr. Fierderop sitte de Teigetje (81) en Woelrat (76), we ha inoar al efkes sprutsen. Bûten komt in draaioargel foarby, it kafee rint moai fol. Der wurdt dronken, der giet taart rûn, oranjekoeke fansels. Ik bin alhiel ûntspannen en genietsje.

Bartle Laverman (foto: Haye Bijlstra/Tresoar)

Och, de dagen foar krystiid. It doarp leit der by as in side út in boek fan Charles Dickens. It tsjusteret en oeral flakkerje ljochtsjes. Menear Woelrat draacht in pear gedichten fan Reve foar, koarte, synyske teksten, mar altyd plak foar de faam Maria. Hy slút ôf mei “Ik ren voor de Dood uit, ademloos.”  Der komme bitterballen del, ik ha noch nea sa’n lekkere bitterbal hân. Mem Marije nimt der ek ien.

De oare deis rin ik troch Ljouwert. Yn it sintrum moat ien fan syn baas yn in krystmannepak stean, mei in skille rinkelje en ‘ho ho ho’ nei foarbygongers roppe. De teannen lûke my krom en ik ha begrutsjen mei de man. Syn maat njonken him hat it lykwols helte dreger: dy stiet dêr foar lul yn in rindierepak. Is de meast ynvasive kultuer yn Nederlân net de Amerikaanse? Soe net iens witte wat no in typysk Fryske krystdagen binne.

Yn it Frysk binne der yn alle gefallen in pear prachtige krystfersen skreaun.
Foarst tink ik oan in resinte Kryst mei de bern fan Sipke de Schiffart. Dat stiet yn de bondel It ritme fan Rixt, sykje mar ris op, it is in oanrieder. Mar no’t Reve, Maria, Marije, de dea, blanke macht en rindieren my troch de holle mealle, komt my in hiele oare tekst yn it sin. Koart, synysk, Maria … nee, net fan Reve, mar fan Bartle Laverman!

 

Krystoertinkens

doe’t de Geast
Maria beflekte
wie dat fansels de kâns
de Soan 
as Afrikaan
of Asiaat
ferskine te litten!

Mar nee hear:
hy kaam op ierde
yn in blank feltsje.

(Bartle Laverman, út Underweis nei Walhalla, Hispel, 2021)

desimber 18, 2023 17:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.