Arjan Hut: Hast omkommen, mar wat wie it gesellich

desimber 31, 2023 16:20

Omdat ik gjin rydbewiis ha, is it in hiel oe heden om op Twadde Krystdei fan Ljouwert nei Surhústerfean te kommen. Earst mei de trein nei Bûtenpost, en dan mei in Opstapper (minstens in oere yn it foaren skilje) it lêste stikje. Yn de trein kin ik wol moai lêze, ik ha Fol gas sudenop fan Jelle Kaspersma (1948-2019) mei. Al gau stopje ik it bondeltsje yn de rêchtas, benaud om it stasjon wer ris te missen.

Op it stasjon in frou dy’t nei Surhuzum moat en in heal Nederlânsk, heal Ingelsk pratende Afrikaan dy’t yn Koatstertille wurket. Hy is benaud dat er syn buske mist hat en syn telefoan is op. Ferline winter hie er dat ek; hy is doe troch de snie mar rinnende gien.

It falt allegear ta, even letter sitte we yn deselde bus. De pin docht it net, de oaren betelje cash en de sjauffeur freget oft se my in tikky stjoere mei. Ik ha gjin mobyl, dus der wurdt belle mei it haadkantoar. Fia de speakerfoan jou ik myn e-mail troch, se stjoere my in faktuer. Oars hiene se it frijskat, mar ik bin net allinne: ús Iwan rydt mei, dus dat wurdt 2 x 2,50.

De Afrikaan hat earder yn Drinte sitten, mar fynt it yn Fryslân moaier. Hjir hat er makliker oanspraak mei minsken. De frou út Surhuzum rydt faker mei dizze Opstapper en wurdt foar de doar ôfset. Wy stappe út yn Surhústerfean. De bus, in ridende hûskeamer, neffens dichter Vasalis. De Afrikaan giet it lêste ein njonken de sjauffeur sitten, en wy swaaie harren nei.

Foto: Wikipedia/PPP – CC BY-SA 3.

Jûns steane we mei de búk fol pizza by deselde halte. De opstapper is no in taksy en mei noch in jonge dame dy’t te stappen sil yn Drachten ride we rjochting Transfearium, dêr’t we oerstappe op in bus nei Ljouwert. Falt der wat te stappen yn Drachten, freegje ik. ‘Ik moat wol noch in mefrou ophelje yn Boelensleane’, seit de sjauffeur.

It is in âldere mefrou, se rûkt nei frituerfet. It duorret even foardat se mei help fan de sjauffeur teplak sit – it liket derop dat we ús oansluting net helje. “We besykje it”, seit de sjauffeur.  “Ik ha yn fjirtich jier nea in ûngemak ûnder it wurk hân.” Eilaas, der skoot foarby De Rottefalle krekt in buske foar ús en dat giet net sa hurd.

Ik sjoch op myn briefke mei it reisskema, faaks ha ik de tiid ferkeard yn ’e holle. Krekt op dat stuit kinne we it buske ynhelje by in ôfslach. Sitte der al njonken, as it buske sûnder rjochting oan te jaan ek ôfslacht. Panyk, skreauwe, ho ho ho, we rommelje in ein op folle faasje troch de berm. It komt krekt goed. Leaver te let as dea, tink ik.

By it transfearium stiet de bus der al. De sjauffeur smyt de taksy foar de bus, sadat dy net sûnder ús fuort kin. Mei it hert noch yn de heechste stân strompelje we lijn 114 yn, betanke foar it wachtsjen en ploffe del. Wat in dei! Wat in gefaar! Wat in aventoer!  Ja, as ik sels autoriden hie …, dan hiene we al dy oare minsken yn de bus nea troffen. Hast omkommen, mar wat wie it gesellich hjoed.

We komme oan de râne fan Drachten guon bern foarby. Dy stekke fjoerwurk ôf. Smellingerlân wurdt in amerij ferljochte en smook wolket de dyk oer. Iwan falt stadich yn sliep, te slûch om yn syn telefoan te ferdwinen. Ik krij it bondeltsje fan Kaspersma, slaan de side om en lês. It is as lês ik in echo: ek Kaspersma sit yn de bus. Soe soks in teken wêze?

Reeksinjalen

De bus rydt troch in tryst lânskip
dat ropt om winterklearens 
en sinne

brodzich hat de útbuorke simmer
him deljûn op de flakten
skier boskje neare wolkens gear
it ferflokte lân moat narre
negere mei pysten fan hoazen
slein mei heil mei rein mei stoarm

Gaasterlân wurdt in amerij ferljochte
it earste himelfjoer slacht ta
mar yn my feroaret der gjin donder

dêrjinsen lizze ûnberikbere dreamen
myn ferline

ik sjoch nei bûten mei it swit dik foar de kop
boppe de toer fan Wikel 
wolket reek omheech

it boadskip is my wol dúdlik

 

(Jelle Kaspersma, út Fol gas sudenop, Koperative Utjouwerij, 1993)

Frederic Remington, Public domain, via Wikimedia Commons

desimber 31, 2023 16:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.