Anne Dykstra: Skelle
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (58)
Wa’t útskolden wurdt, kin werom skelle of de skeller in slach oan ’e kop jaan. Dat lêste hat yn myn gefal, spitigernôch, nea in opsje west, dat ik keas meast foar in tredde mooglikheid. Ik die krekt as koe it my neat skele dat ik útskolden waard. As it lije koe, rôp ik dan: “Skelle, skelle docht net sear!” Soms rôp ik der efteroan: “In skop ûnder de kont, dat jout wat mear!”, mar dat die ik allinnich mar as ik der hiel wis fan wie dat de skeller net yn ’e gelegenheid wie om myn suggestje op te folgjen. Op it skoalplein moast ik dan fansels wol in dei of wat op myn iepenst wêze! Yn ’e measte gefallen is it trouwens ek net wier dat skellen net sear docht. Skellers wolle ommers kwetse en se wite faak presys hoe’t se dat dwaan moatte. Gauris giet it dan om uterlike skaaimerken. Tsjintwurdich falt it wat ta, mar yn myn tiid wie ien mei read hier noch net klear. Dan wie er in Reade! of in Vuurtoren! By ús op It Fean wie dat nea fjoertoer, grif om’t wy net sa’n ding hiene en der allinnich yn it Hollânsk oer liezen of hearden.
Apen binne justjes minder út de evolúsje kommen as wy. Sadwaande binne de measte lju krekt noch wat kreazer en tûker as in aap. Dêrom ha we yn ’e dieretún ek grif de measte wille by it apehok. En der is altyd wol ien by dy’t seit: “Sjoch Jan, dêr sit dyn broer.” Grapke fansels, mar Jan kin it der dochs mar efkes mei dwaan. Dan is it Frysk Wurdboek fan 1900 dúdliker: ‘Sjoch do yn ’e spegel, dan hast in aap foar dy!’ Datselde wurdboek jout de útdrukking it stiet as in aap, it stiet bespotlik. Wa’t foar aap rint, stiet of spilet, stelt him bespotlik oan. Dogeneaten en domkoppen wurde ek gauris útmakke foar aap: ‘Dy aap fan in jonge, wat hat er no wer dien!’ Op himsels is dat allegearre noch frij ûnskuldich. Mei apekop! is dat ek wol wat sa, mar apeharsens!, dat wurdt al wat serieuzer.
Oare wike woansdei er fierder






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje