Anne Dykstra: Ofpatsje

desimber 6, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (57)

It WFT jout sekseneutraal de siswize immen by it kin krije, ‘iem. by de kin vatten, zoenen’, mar út it iennichste sitaat dat dêrby jûn wurdt, docht bliken dat it inisjatyf fan in hy útgiet en dat it de faam is dy’t by it kin krige wurdt. It kin my misse, mar ik leau dat it altyd sa is dat in jonge in faam by it kin krijt en net oarsom. Foar in goed begryp, ik ha it hjir allinne mar oer dizze siswize en net oer tútgewoanten yn it algemien.

Tútsjen hat faak earder in sosjale as in seksuele eftergrûn. Jo jouwe ien bygelyks in tút by it kommen of it gean en by it lokwinskjen fanwegen in jierdei, meast op it wang. Faak wurde dêrby wol trije tuten efterinoar jûn. Soks stelt faak amper mear wat foar, want gâns fan dy wangtuten bedarje in eintsje nêst it doel yn ‘e loft. Men kin mei in tút ek frede slute of jin mei-inoar fersoenje. Jo kinne it skeel dan ôfpatsje of ôftútsje. Ik stel my sa foar dat dy patten en tuten it doel wol reitsje moatte, oars jilde se net.

Hûnen kinne net switte, dy reitsje de waarmte hymjendewei kwyt fia harren tonge, dy’t dan in hiel ein ta de bek út hingje kin. Hûnen binne dan oan it blaaien (in blaai is in tonge). Ik wist dat net, mar it WFT lit sjen dat blaaie, fan hjitte of ynspanning hymje mei de tonge út ’e mûle, ek brûkt wurde kin (koe?) foar minsken. Blaaie is ek in minder fatsoenlike oantsjutting foar slikje. It WFT hellet by blaaie it Friesch Woordenboek 1900 oan: ‘Né jonkje, dat klûntsje, dêrstou op om blaeid heste, wol ik net ha’. Faaks fanwegen dat slikjen kin blaaie ek brûkt wurde foar tútsjen. Faak sprekt der dan wol wat in ôfkarren út: dat stel docht oars net as opinoar om blaaie! It WFT jout it foarbyld út it wurdboek fan 1900 trouwens ek by it wurd omblaaie. Wie blaaie neffens it WFT ‘triv(iaal)’, omblaaie wurdt oantsjut as ‘veracht(elijk)’. Op immen omblaaie is neffens it WFT ‘iemand hier en daar wat zoenen’. Dat wurdsje wat ymplisearret neffens my te’n ûnrjochte dat it allinne om lytse tútsjes giet en ‘hier en daar’ is tocht ik al te rom, om’t de tuten nei myn idee ta de mûle en it antlit beheind bliuwe.

Oare wike woansdei wer fierder.

desimber 6, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.