Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum

desimber 10, 2023 08:12

Keamerkoar Vocalibre is oprjochte yn 2011 en hat achttjin leden. Entûsjasme en ambysje binne de kaaiwurden dêr’t mei wurke wurdt oan in repertoire dat benammen út klassike muzyk en tsjerkemuzyk bestiet. Meastal wurdt a capella songen, soms mei begelieding fan in oargelist/pianist of in lyts ynstrumintaal ensemble. It keamerkoar sjongt snein 17 desimber yn de Doarpstsjerke Huzum oer ljocht yn tsjustere tiden.

Vocalibre (boarne: Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum)

Hoe soe dat klinke moatte?
Swietlûdich? Harkje dan nei de Renêssânsestikken fan Sweelinck en Schütz dêr’t de stimmen mei harren blide boadskip yn oerinoar hinne tommelje.
Stimmich? Dan kin men jin troch komponisten út de Ingelske tradysje hoasfuotlings meifiere litte nei winternachten en stjerrehimels.
Ungemaklik? Nee, fansels leaver net. Dochs is it stik ‘Even when he is silent’ op tekst fan in anonime finzene út de Twadde Wrâldoarloch, in must foar elkenien dy’t ‘frede op ierde’ oprjocht besiket te rymjen mei it wrâldbarren.
Koartsein, Vocalibre sjongt oer leauwe dat him op ’e proef stelle lit. It koar docht dat diskear ûnder lieding fan Marnix Verkamman en wurdt oan ’e piano begelaat troch Jochem Schuurman.

Advintskonsert troch it Vocaal Ensemble Vocalibre
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Snein 17 desimber 2023 om 15.00 oere.

De tagongspriis is € 12,50; foar bern o/m 12 jier € 2,50. Tagongskaarten kinne foarôf digitaal oanskaft wurde fia it Ticketkantoor. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en vocalibre.nl.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Kultuerpoadium)

desimber 10, 2023 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.