Doede Wiersma: In Jezus mei alluere graach

desimber 3, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Rients Gratama fertelde yn ien fan syn programma’s oer it byld fan Gysbert Japicx yn Boalsert. Keninginne Juliana soe dat yn 1966 ûntbleatsje. Mar om’t it byld net op ’e tiid klear wie, luts se it lekken fan in gipsen ûntwerp fan dat byld. Neffens Rients sei in âld-Boalserter doe: “Dat is Gysbert Japicx niet juh, dat is Gysbert Ja Gips!”
As ik guon ‘foargongers’ oer Jezus preekjen hear, dan is myn konklúzje faak: Dat is de echte Jezus net, dat is in Jezus fan gips.
Ik ha der slim argewaasje fan dat Jezus faak sa lyts makke wurdt. Se meitsje in maskotte fan Him, in soarte fan Haarlimmer-oalje. Dan hat Er allinne mar wat te bieden oan it priveelibben fan minsken, dan is Er inkeld goed foar it sieleheil fan yndividuen.
Dêrom begûn ik dizze advint mei Psalm 85 as yndrukwekkende eftergrûn fan Jezus. Al dy geweldige wurden en idealen yn dy psalm, gearfette yn it wurd sjaloom, wurde troch Jezus belicheme. Dat wurd (frede) is minske wurden en wennet ûnder ús (Johannes 1:14).

Neffens de teolooch Moltmann daget Jezus ús hjoed-de-dei út:

  • om wat minskliker mei-inoar om te gean;
  • om gewoane minsken mear ynspraak yn ’e polityk te jaan;
  • om de rykdommen fan ’e ierde no ris earlik te ferdielen ûnder alle minsken;
  • om de natuer en de kultuer tichter byinoar te bringen;
  • om as tsjerke aloan it Ryk fan God (it fisjoen fan de sjaloom) foar eagen te hâlden.

Sille wy Jezus dy alluere hâlde litte en sels mei dy alluere kristen wêzen?

Lêze: Johannes 3:16-21

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 3, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.