Yggdrasil (gedicht)
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs
Yggdrasil

Yllustraasje: Skelte Braaksma
Stambeam fan it alles, in krêft
dy’t boppe- en ûnderwrâld
mei syn woartels, tûke en blêd
yn in sterke omearming hâldt.
Do bist de kennis en libbensbeam
tusken goaden, minske en bist.
Behearder fan it goed en it kwea,
omdatst de ierde waarm of kâld wurde litst.
Wenne ik mar by de Vanir,
goaden fan ’e fruchtberheid.
Altiten froulju en mingels bier,
spitigernôch is dat net de realiteit.
It is yn Midgaard dêr’t ús hûs stiet,
soe net graach myn sibben ferlieze,
Yggdrasil hjit dy wannear’tsto giest,
nei Nilfheim, ûnsichtber yn ’e dize.
It ryk fan ’e deaden, mar it is wier better,
om’tst giest nei Helheim dêr’t it slangefergift,
wylsto stiest mei dyn fuotten yn iiskâld wetter,
út de souder wei, nei ûnderen dript.
Is it sânglês fan dyn libben hast leech,
wês wach foar Helheim en tink derom:
yn ’t each fan ’e dea, hâld de holle heech.
Gean mei glâns en sjoch net om.
Sander Hoekstra
De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.

Yllustraasje: Skelte Braaksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje