Wichtichste ôfspraak fan Parys net op wurklist klimaattop Dubai

novimber 30, 2023 09:03

Mei mar leafst 70.000 dielnimmers wurdt de klimaattop yn Dubai de grutste dy’t ea holden is. It is alwer it 28e oerlis dêr’t de wrâld ôfspraken yn besiket te meitsjen om de opwaarming fan de ierde te beheinen. Hjoed begjint it evenemint dat twa wike duorje sil.

Dubai (foto: pixabay.com)

It is goed dat der in protte omtinken foar it klimaat is, mar de grutter wurdende kompleksiteit fan de ûnderhannelingen wurdt in remjende faktor, sizze saakkundigen. Hja wize derop dat in oantal fan 70.000 besikers ûnnedich, ûnhâldber en kontraproduktyf is.

Boppedat stiet ien fan de wichtichste ûnderwerpen net op ’e wurklist, nl. de ôfspraak ta it ombûgen fan fersmoargjende jildstreamen, dy’t op ’e klimaattop fan 2015 yn Parys makke is. Dêrmei rint de wrâld neffens saakkundigen in ekstra driuwende krêft foar it klimaatbelied mis. As net langer ynvestearre wurdt yn koalesintrales en ferbrâningsmotoaren, sil de útstjit fan broeikasgassen in stik makliker tebekrinne.

Der komt dan ek in protte jild beskikber om te ynvestearjen yn bygelyks duorsume enerzjy, ek yn earme lannen. It ombûgen fan jildstreamen kin op wrâldskaal folle mear effekt hawwe as de hûndert miljard oan klimaathelp dêr’t no oer praat wurdt. Regulearring fan sintrale banken is in stap om dy krúsjale ôfspraak fan Parys yn praktyk te bringen, sizze saakkundigen. It leafst mienskiplik, en dus bepraat op klimaattoppen.

In hânfol lannen ropt op om yn Dubai te ûnderhanneljen oer it foarearst negearre doel fan Parys. Nij-Seelân is in aktive pleitbesoarger, en kriget stipe fan bygelyks Switserlân, Súd-Koreä, Meksiko en de EU. Eksperts tinke lykwols dat de kâns grut is dat it punt foar de hurde ûnderhannelingen wer fan tafel gean sil. De wjerstân komt fan in groep ûntwikkelingslannen ûnder lieding fan Egypte en Pakistan. Dy binne bang dat it finansieringsmeganisme sa wichtich wurdt, dat it op kosten fan eardere tasizzingen foar direkte klimaathelp gean sil.

novimber 30, 2023 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.