Waarpraatsje: Pear drûge dagen
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in lange wiete rite liket it no in pear dagen sa goed as drûch te bliuwen. Letter yn ‘e wike set it wer op in reinen.
Moandeitenacht kin it sa út en troch wat (sto)reine. De wyn komt út it noarden en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad of 6.
Tiisdei bliuwt it, sa goed as, drûch, mar by de kust lâns soe noch in bui falle kinne. Geandewei de dei komt de sinne der ek hieltyd better by. Yn ‘e moarntiid komt de wyn út it noarden en is matich, by de kust lâns frij krêftich. Yn ‘e middei rommet de wyn nei it noardeasten, mar feroaret net yn krêft. It wurdt 8 graden.
Oant freed bliuwt it wol kreas hjerstwaar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje