Waarpraatsje: Kâlde nacht
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in kreaze woansdei, mar der foelen rûnom yn Fryslân wol winterske buien. It bliuwt de hiele wike kâld.
Woansdeitenacht kin der op in soad plakken damp ûntstean en by de noardlike kust lâns kin der in sniebui falle. By hast gjin wyn sil it 2 oant 4 graden frieze.
Tongersdei kin it noch in hiel skoft dampich wêze en by de noardlike kust lâns falle wer in pear winterske buien. It is min te sizzen oft wy yn ‘e rin fan de dei de sinne noch te sjen krije. Der stiet hast gjin wyn en de temperatuer leit om de 3 graden hinne.
Freed bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en it wurdt noch wat kâlder.
Warskôging: Woansdeitejûn, woansdeitenacht en tongersdei kin it op guon plakken glêd wurde troch befriezing fan wiete diken. Op in soad plakken is der ek min sicht troch damp.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje