Waarpraatsje: Kâld winterwaar

novimber 30, 2023 18:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht (Ljouwert -5,4 en Starum -3,7) bleau it tongersdei op in soad plakken yn Fryslân in skiere dei. It kâlde winterwaar duorret noch in pear dagen.

Tongersdeitenacht kin der op guon plakken wer damp ûntstean. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út ferskillende rjochtingen wei. De temperatuer leit in pear graden ûnder it friespunt.

Freed is it earst noch dampich, mar letter soe de sinne ek skine moatte. De ûnwissens oer it skinneskynwaar is wol grut. Yn it Waadgebiet soe in winterske bui falle kinne. Der stiet de hiele dei hast gjin wyn en de temperatuer komt krekt boppe it friespunt.

Sneon feroaret der hast neat oan it rêstige, winterske waar.

Jan Brinksma

novimber 30, 2023 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.