Unicef: ien op de trije bern kampt wrâldwiid mei ekstreme wetterkrapte
Resint ferskynd
Ien op de trije bern hat wrâldwiid te kampen mei ekstreme wetterkrapte, wat delkomt op 739 miljoen bern. Klimaatferoaring driget harren dochs al prekêre situaasje allinnich mar slimmer te meitsjen, berjochtet Unicef yn in nij rapport.

Foto: pixabay.com
Bern yn it Midden-Easten, yn Noard-Afrika en yn Súd-Azië lije it meast ûnder de krapte. Hja libje yn gebieten mei ûnder mear beheinde wetterfoarrieden, in delgong fan it grûnwetterpeil en in heech risiko op drûchte.
Libben yn gefaar
Sa’n 436 miljoen bern hawwe te krijen mei de dûbele lêst fan (tige) slimme wetterkrapte mei minne drinkwetterfoarsjenningen, en dêrtroch komt harren libben yn gefaar. Dy kombinaasje is ien fan de wichtichste oarsaken fan stjergefallen by bern ûnder de fiif jier en fan sykten dy’t foar te kommen binne. Under de swierst troffen lannen binne yn dit gefal Niger, Jordanië, Burkina Faso, Jemen, Tsjaad en Namibië. Acht op de tsien bern rinne dêr gefaar.
Nochris 35 miljoen bern yn 2050
Tsjin 2050 sille nei alle gedachten nochris 35 miljoen bern bleatsteld wurde oan in heech of tige heech nivo fan wetterkrapte. Nettsjinsteande harren kwetsberens wurde bern foar in grut part skoudere by diskusjes oer klimaatferoaring, seit Unicef. Mar 2,4 persint fan de klimaatfinansiering út wichtige fûnsen stipet projekten dy’t op bern rjochte binne.
“De gefolgen fan de klimaatferoaring binne ferneatigjend foar bern”, seit Catherine Russell, direkteur fan Unicef. “Harren lichem en geast binne bysûnder fetber toar fersmoarge lucht, minne fieding en ekstreme hjitte. Net inkeld harren wrâld, mar ek harren wolwêzen feroaret, om’t de klimaatferoaring harren mentale en fysike sûnens beynfloedet.”






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje