Undersyk: 6,1% fan de Friezen hat diabetes

novimber 14, 2023 08:16 Fernijd

Diabetes komt faker foar as in protte minsken tinke. Neffens de resintste sifers hawwe op it stuit sa’n 40.000 Friezen sûkersykte, wat delkomt op 6,1% fan alle ynwenners yn de provinsje. Wol binne der grutte lokale ferskillen. Sa giet it yn Weststellingwerf sels om 7,3% fan de ynwenners. Dat en mear docht bliken út ûndersyk dat Independer die op basis fan de resintste Vektis-data yn oanrin nei Wrâlddiabetesdei op 14 novimber.

Foto: pexels.com

Nei ferhâlding wenje der yn Fryslân in bytsje mear diabetisy as yn oare provinsjes. Yn Drinte leit it persintaazje it heechst. Dêr hat 7,4% fan de ynwenners de diagnoaze diabetes krigen. Yn Limburch (7,1%) en Grinslân (6,8%) hawwe relatyf in protte minsken sûkersykte. Yn Utert leit it persintaazje it leechst mei 5,1%.

Yn dizze gemeenten wenje de measte diabetisy
Yn Fryslân binne der grutte lokale ferskillen. Neffens de resintste sifers wenje de measte minsken mei diabetes yn Weststellingwerf. Yn dy gemeente hat 7,3% fan de ynwenners sûkersykte. Yn Eaststellingwerf leit it persintaazje ek heger as yn oare gemeenten yn ’e provinsje. De top fiif fan gemeenten mei nei ferhâlding de measte diabetisy is sa:

  1. Weststellingwerf: 7,3% fan de ynwenners fan diabetes;
  2. Eaststellingwerf: 7% fan de ynwenners fan diabetes;
  3. Harns: 6,9% fan de ynwenners fan diabetes;
  4. Achtkarspelen: 6,8% fan de ynwenners fan diabetes;
  5. Dantumadiel, It Hearrenfean en Skiermûntseach: 6,6% fan de ynwenners fan diabetes.

Op It Amelân leit it persintaazje just it leechst (4,4%).

Priis medikaasje wurdt heger foar diabetes type 2
De kosten foar diabetesmedikaasje binne de ôfrûne jierren flink tanommen. Betelle ien mei diabetes type 2 ferline jier yn trochsneed € 93,06, yn 2018 wie dat noch ‘mar’ € 35,57, blykt út ûndersyk fan Independer, op basis fan data fan Soarchynstitút Nederlân.

De twa meast foarkommende foarmen fan diabetes binne type 1 en type 2. It grutte ferskil is dat type 1 oanberne is en type 2 dat meastal net is. Type 2 kin oan de genen lizze, mar kin ek mei de libbensstyl te krijen hawwe. Yn Nederlân binne der goed 1,1 miljoen minsken mei diabetes. Dêr hat 90% fan diabetes type 2. De priisstiging is basearre op de 28 foarskreaune medisinen foar diabetes type 2.

Foar minsken mei diabetes type 1 sjocht dat byld der oars út. Dy hawwe in behanneling mei ynsuline nedich en de kosten dêrfan binne oer it algemien ôfnommen. De trochsneed fergoeding foar alle typen ynsuline mei-inoar waard tusken 2018 en 2022 foar brûkers 14,13% leger.

Kosten falle ûnder it eigen risiko
De medisinen foar diabetes type 1 en type 2 wurde fergoede troch de basisfersekering. “As men diabetes type 2 hat, hoecht men meastal gjin ynsuline te spuitsjen, mar brûkt men yn earste ynstânsje allinnich medisinen. Dy medisinen wurde fergoede, mar geane spitigernôch wol op kosten fan it eigen risiko. Yn guon gefallen moat men foar de medisinen ek in eigen bydrage betelje, mar dy is net by alle fersekerders gelyk. Men moat dus goed op de betingsten achtslaan foar’t men in fersekering ôfslút”, seit Mirjam Prins, ekspert soarchfersekeringen by Independer.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

novimber 14, 2023 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.