Tresoar kriget reisferslach fan Fryske soldaat dy’t yn 1831 yn België focht

novimber 12, 2023 08:15

Tresoar hat in reisferslach krige fan Sierk Siebrens Prosje út Fryslân dêr’t syn tocht nei de slachfjilden yn België yn de Tsiendeiske Fjildtocht yn 1831 yn beskreaun stiet. It reisferslach biedt ús persoanlike ûnderfiningen fan in jonge Fryske soldaat dy’t yn dizze oarloch tusken Nederlân en België focht. It is bysûnder te neamen dat in persoanlik dokumint hast 200 jier lang bewarre bleaun is en noch yn goede steat ferkeart. Tresoar is dan ek wiis mei dizze prachtige oanfolling op de kolleksje en mei it beskikber stellen fan dit reisferslach foar publyk.

Boarne: Tresoar

Sierk Siebrens Prosje is berne yn Sint-Jabik en is 27 jier âld as er yn 1831 oproppen wurdt om as skutter nei België te gean. Wast er belibbe hat is nei syn weromkommen troch syn suske Richtje yn in lyts skriftsje fan sechstjin siden fêstlein. Sierk hie it gelok dat er, yn tsjinstelling ta oare soldaten, ein 1831 wer nei hûs mocht. Nei St. Jacob, it lêste wurd yn it boekje. Richtsje is yn 1836 troud mei Albert Jans Brolsma. It hânskrift is fia har by de famylje Brolsma bedarre en troch Pieter Douwe Brolsma oan Tresoar skonken. It skriftsje wurdt digitalisearre en beskikber steld fia de digitale biblioteek fan Tresoar.

“Over deze stroom traden wij de stad Nijmegen binnen die ons een heel mooi gezigt had opgeleverd toen wij nog voor den Waal stonden, maar toen wij er inkwamen was het geen stad Leeuwarden” (Sierk Siebrens Prosje). Njonken dit egodokumint fan Sierk Siebrens Prosje bewarret Tresoar noch mear ynformaasje oer de Tsiendeiske Fjildtocht. Lykas in briefwikseling tusken soldaat Hessel Pieters Brolsma – in neef fan Albert Jans Brolsma – en syn âlden, in boek oer kapitein Hendrik Cannegieter plus argyfstikken fan him en it argyf fan de Mobiele Friesche Schutterij mei ynformaasje oer de fjildtocht.

Tsiendeiske Fjildtocht
De Tsiendeiske Fjildtocht wie in koarte mar heftige oarloch yn België yn 1831. België woe him ôfskiede fan Nederlân en in ûnôfhinklik lân wurde. Dit late ta spanningen. Yn augustus 1831 stjoerde kening Willem I fan Nederlân syn leger nei België om de opstân del te slaan. It Nederlânske leger, dat folle grutter en sterker wie as it Belgyske leger, wist de Belgen ynearsten tebek te kringen, mar slagge der net yn om de Belgen folslein te ferslaan.

Nei tsien dagen fan fûle striid waard der in wapenstilstân sletten tusken de twa partijen, omdat Frankryk en Ingelân de Belgen stipen en har mei legers yn it konflikt drigen te mingen. Willem I fersette him lang tsjin de Belgyske ôfskieding. Pas yn 1839 joech er ta en erkende Nederlân de Belgyske ûnôfhinklikheid nei grutte ynternasjonale druk.

Omrop Fryslân makke in reportaazje oer de oerdracht.

novimber 12, 2023 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.