Yn de striid tsjin bewurke iten, djoere bûtenlânske produkten yn supermerken, it útinoar driuwen fan minsken en foaral as stipe foar sûnens, miljeu en lokale produsinten, wurde der yn Fryslân hieltyd mear streekmerken holden. Dy binne in grut sukses en dêrom sil yn Alde Leie dizze winter net minder as tolve kear in boerestreekmerk holden wurde, mei biologysk en gongber produsearre produkten út de omjouwing. De earste is op sneon 11 novimber en dêrnei alle fjirtjin dagen, fan 10.00 oant 13.00 oere.
Streekmerken binne der hieltyd mear yn Fryslân en it assortimint wurdt aloan breder. Farske griente, fruit, ierappels, fleis, krûden, suvel, aaien, drûchprodukten, te folle om op te neamen. Alles streekrjocht fan ’e produsint. Der is ek gelegenheid om in bakje kofje mei wat lekkers te heljen, of in pantsje eigenmakke sop te iten. De minsken moatte wol efkes sels in boadskiptas of sokssawat meinimme.
De Boerestreekmerken wurde holden yn de oerdutsen fabrykshal Nije Leije oan de Leijester Hegedyk 27b 9071XB yn Alde Leie (skean foar de mole oer). Der is in royaal parkearplak.

Boarne: Boerestreekmerk
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje