Taal en rjocht, de positive wjerslach fan it Frysk op de rjochtspraak

novimber 6, 2023 21:34

Notysjes by de DINGtiid-lêzing 2023

Op sneon 4 novimber waard yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert de jierlikse DINGtiid-lêzing holden.
DINGtiid is it advysorgaan fan de ryksoerheid foar de Fryske taal. In tige gaadlik plak foar dizze lêzing sjoen it ûnderwerp: it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. De opkomst wie dan ek grut, yn swide mannichten wie it publyk der út ûnderskate gremia yn Fryslân (rjochtspraak, Fryske taal&kultuer, polityk, ensfh.) op ôfkommen. It ûnderwerp is tige aktueel omdat op dit stuit wurke wurdt oan in nij bestjoersakkoart tusken provinsje Fryslân en it Ryk, dêr’t de rjochtspraak in wichtige rol yn spilet. Op papier liket alles regele, mar yn de praktyk blike alle partijen dermei te wrakseljen, want net elkenien yn it rjochtsproses is de Fryske taal machtich. Wat is nedich om it Frysk yn de rjochtspraak duorsum te boargjen?

Nei in koarte ynlieding troch DINGtiid-foarsitter Jan Koster jouwe twa sprekkers, út ferskillend eachweid wei, harren fyzje op dit ûnderwerp, folge troch in plenêre diskusje mei it publyk. Dy sprekkers binne mr. Jonneke Oosting (Gerjochtshôfpresidint Arnhim-Ljouwert) en dr. Annalies Outhuijse (DINGtiid-bestjoerder en bestjoerlik advokaat by Stippe yn Amsterdam). Oosting hâldt har lêzing yn it Hollânsk, Outhuijse yn it Frysk. Spitich is dat der gjin lêzing is fan presidint Fred van der Winkel fan de rjochtbank Noard-Nederlân, want de measte saken dêr’t Fryske boargers by belutsen binne, spylje har op dat nivo ôf.

Oosting leit út dat Gerjochtshôven har allinnich dwaande hâlde mei hegerberopsaken. Se merkt op dat de beweiwizering yn Ljouwert yn it Frysk is. Sûnt de sprieding fan rjochtbanken is Ljouwert ûnderdiel fan Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert en fan de rjochtbank Noard-Nederlân (Grins-Ljouwert-Assen), mei as probleem foar it Frysk dat de rjochters yn ferskillende rjochtbanken saken behannelje, dus ek rjochters út Arnhim en Grins yn Ljouwert dy’t it Frysk net behearskje.
Outhuijse seit dat it gebrûk fan it Frysk helpt om in kompleter byld fan in saak te krijen. Dat draacht by oan de kwaliteit fan de rjochtspraak en prosedurele rjochtfeardichheid. It brûken fan it Frysk is gjin geunst, mar in rjocht! Omdat alle profesjonele prosesdielnimmers by steat wêze moatte it ferrin fan in saak te folgjen, kinne allinnich yn Ljouwert saken yn it Frysk behannele wurde. Wol hawwe de foarroppenen by alle rjochtbanken yn Nederlân it rjocht om eed of belofte yn it Frysk ôf te lizzen. Al acht dagen foardat in rjochtsaak tsjinnet, moat oanjûn wurde dat immen de Fryske taal brûke wol, sadat de rjochtbank dêr rekken mei hâlde kin. Lykwols, sjoen de krapte oan rjochters dy’t it Frysk ferstean kinne, is it net altiten mooglik om in saak yn Ljouwert yn it Frysk te fieren. As in Frysktalige rjochter net beskikber is, kin yn prinsipe in tolk ynskeakele wurde. Mar op dit stuit is Fedde Dykstra, de iennichste aktive tolk Frysk, yn staking troch in arbeidskonflikt. Dat betsjut dat yn strafsaken bgl. in oanklage persoan dochs mar it Hollânsk brûkt, ek al kin er him dêr minder goed yn útdrukke. It hat derta laat dat sûnt de fúzje fan rjochtbanken der folle minder strafsaken yn ’t Frysk binne as earder. Dêr lijt de kwaliteit fan de rjochtsgong ûnder.

By de plenêre diskusje wurdt (ûnder applaus) nei foaren brocht dat it foar it gebrûk fan it Frysk it bêste wêze soe as de fúzje fan rjochtbanken en gerjochtshôven tebek draaid waard. Mar dat is neffens Oosting gjin opsje. It binne ek net de rjochtbanken en gerjochtshôven sels dy’t de fúzjes betocht hawwe, mar de polityk (benammen fanwegen besunigingen). Al mei al hawwe de fúzjes laat ta in diskriminearjende situaasje yn de rjochtspraak foar de Friezen. Hooplik bringt in nij bestjoersakkoart tusken Fryslân en it ryk dêr feroaring yn, mar dy kâns is lyts. DINGtiid stribbet dernei om yn alle gefal tenei alle Frysktalige saken by de rjochtbank Ljouwert behannele te krijen.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

 

novimber 6, 2023 21:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.