Sympoasium Lânskipsbioferskaat

novimber 3, 2023 08:14 Fernijd

Fjouwer griene organisaasjes dy’t in jubileum te fieren hawwe, gripe dat oan om mei-inoar op tongersdei 16 novimber in sympoasium te organisearjen. As tema is keazen foar Lânskipsbioferskaat. Yn de ôfrûne hûndert jier is it Fryske lânskip mear feroare as yn alle iuwen dêrfoar. Dat hie grutte gefolgen foar it bioferskaat en it belibjen fan it lânskip. Der sil net allinne op de feroaringen weromsjoen wurde, mar foaral foarútsjoen wurde nei nije ympulzen foar in sûne takomst dy’t de minske it lânskip jaan kin.

Nij Beets – Alddjip (foto Lândskipsbehear Fryslân/Mark Schuurman)

Fan dy fjouwer griene organisaasjes bestiet Lânskipsbehear Fryslân fjirtich jier, de Fryske Miljeufederaasje (FMF) en Sovon Vogelonderzoek Nederland beide fyftich jier en Natuermuseum Fryslân op ’e kop ôf hûndert jier. Om de feroaringen yn, en de kânsen foar natuer en lânbou yn Fryslân yn omtinken te bringen is in ferskaat oan sprekkers en ynlieders útnûge.

Der wurdt begûn mei trije plenêre lêzingen. Dennis Worst (Lânskipsbehear Fryslân), lânskipsarsjitect Remco van der Togt en ekolooch Eddy Wymenga sille de skiednis, it hjoed en de takomst fan it Fryske lânskip bespegelje.
Dêrnei kinne de dielnimmers twa kear oan in ynspiraasjesitting dielnimme. Se kinne kieze út alve ûnderwerpen en ynlieders. Sjoch dêrfoar side 2 fan it programma, dat hjir te finen is. Yn dy sittingen wurdt yngien op de wat sympoasiumdielnimmers sels dwaan kinne as it om lânskipsbioferskaat giet. Oer in jaar wolle de organisaasjes wer mei de dielnimmers gearkomme om te besjen hoe’t dêroan wurke hawwe.

Yn oanrin nei de jubileumfiering hâlde de organisaasjes yn gearwurking mei it Agrarysk Natuerfûns in ynsammelaksje om in kultuerhistoarysk weardefol greidefûgelgebiet te hoedzjen en te noedzjen. By wize fan kado oan de jubilearjende organisaasjes kinne dielnimmers oan it sympoasium in bedrach oermeitsje. Deputearre Matthijs de Vries sil by it ôfsluten fan it sympoasium it resultaat fan de aksje bekend meitsje.

It sympoasium op 16 november sil yn Ljouwert, yn Natuermuseum Fryslân, fan 13.30-17.00 oere holden wurde (ynrin fan 13.15 o. ôf en neisit oant 18.00 o.). Wa’t alles of in part bywenje wol, wurdt frege om dat te berjochtsjen oan eroetman@natuurmuseumfryslan.nl.
novimber 3, 2023 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.