Spykt yn it rymwurdboek

novimber 11, 2023 11:04

Ynstjoerd

Dizze bijdrage is yn it Súdwesthoeks Frys.

Sneintemidje wurdt it Frys rymwurdboek presenteard yn Neushoorn yn Louwert, der is in persbericht (https://www.itnijs.frl/2023/11/digitale-stipe-foar-rymjende-fryskskriuwers/) de doar út gyng. Ik bin heel benijd. Fandêr dat ik net litte koe om alfast te spiken op frysker.nl: dêr liket alles al klear te stean. Miskien dat der noch in pear oanpassingen gebeure? Eigenlik sjucht it derút as is it al ou, dus dat tink ik dan net. Ik nim it för de lêzer fan It Nijs troch en fokusje mij dan föral op it aspekt fan dialekt binnen it Frys.

Oare ûnderdelen fan frysker.nl lieten jerder noch net de útspraak sjen, mar dit ûnderdeel mut kleur bekenne. In förbeeld yn it persbericht is ‘deis – nijs’. Sa as opmurken troch Abe de Vries yn in reaksy op it persbericht op dizze webside, rymje dy wurden allinnich yn it Wâldfrys en net yn it Klaaifrys. Ik he it even útsocht en ast healrym útsetst, dan ferdwine de Wâldfrise rymwurden. Soks is natuerlik handich om self oanpasse te kennen, mar för de takomst is it ik wol ynteressant ast sjen kenst om watför dialekt it giet kwa rymwurden. Under healrym wurdt no mear behelle as allinnich dialekt en it soe krekt sa ynteressant wêze, wannearst wytst datst in bepaald dialekt as it Wâldfrys of Klaaifrys praatst of skrûwst, om dan dêrop filterje te kennen.

Nei ferrin fan tiid komt der yn it rymwurdboek mear omtinken oan sokke regionale útspraken, stiet yn it persbericht. Heel moai! Myn fraach is dêrop folgjend, hoefolle mear? Der is ommers noch wol wat ferskaat binnen it Frise taalgebiet. Mei myn passy för it Súdwesthoeks fyn ik it wol heel nijsgjirrich om te witen hoe fier at soks giet. Ken ik aansen op myn eigen idiolekt sykje, oftewol myn eigen útspraak fan e wurden as in âld-Sint-Nykster? Dat giet fast te fier. Wol soe it heel moai wêze as yn dit takomstige ûnderdeel fan frysker.nl in seleksje te meitsjen is op it Súdwesthoeks.

No bin ik it op dit stuit al mar even neigyng en ik he de rymwurden opsocht fan it tiidwurd ‘moatten’ (ik sis: mutten). Tot op it moment fan skrûwen ferskine hjir gin rymwurden as ‘fuotten’ (ik sis: futten), ik net mei de opsy healrym oan. Begryplik, al wie it allinnich mar omdat it noch yn in beginfaze sit. As Súdwesthoeks Frise dichter sjuch ik lykwols wol út nei dizze opsy en ik ken mij förstelle dat der mear binne dyt yn hun eigen dialekt rymje wolle.

Körtseind sjucht it der al heel goed út! Boppedat mei der ik noch mear ferwachte wurde wat regionale útspraken oangiet, dêrom bin ik heel benijd watför knopkes der noch bij komme. Miskien ken der wol in heel Súdwesthoeks rymwurdboek bij. För no wol ik ouslute mei in rymke, dat ik hjir dan toch mar yn it Standertfrys opskrûw.

Foar wa’t him op it rymjen stoart,
duorret soks fan no ôf koart.

Joël Hut

https://frysker.nl/sykje?sykje=rymwurden&taal=fry&opsje=rym

novimber 11, 2023 11:04
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Nynke Beetstra novimber 15, 09:58

    As âld-Warkumer pleats ik dochs wol wat kantekens by it Súdwesthoeks fan Joël Hut. Yn Warkum seine we (en sizze se noch) bygelyks skolle en for en hozzen. Wat súdliker jo dan komme, wat langer en sangeriger it wurdt: skölle, för en hözzen. Yn Koudum noch frij koart, yn Gasterlân lang. Ek neamt Hut wurden dy’t neffens my net Súdwesthoeks, mar gewoan sprektaal of min Frysk binne, ek yn oare streken fan Fryslân, bgl. Frys, alfast, opsy, gebeure.

    Hut skriuwt jerder en sneintemidje. Sa sprekke jo dat út, ja, mar sa skriuwe jo dat net (earder en middei). Dat hat neat mei Súdwesthoeks te krijen. Yn Warkum seine we trouwens middy.

    Hut skriuwt ek beginfaze, begin, sûnder j. Dy j heart der gewoan yn, ek yn de Súdwesthoeke. Yn it Súdhoeks ken men gjin brekking (krekt as Gysbert Japiks), dêr falle de j en de w meast fuort, bgl. doarren-dörren/dorren; sleatten-sletten, foar-för/for, moast-must, fuort-fut, skoalle-skolle, fuotten-futten.

    It liket my dreech om foar alle Fryske dialekten in wurdlist te meitsjen, ek al om’t binnen dy dialekten wer ôfwikende (ouwikende) farianten binne.

  2. Nynke Beetstra novimber 15, 11:30

    Noch in lytse oanfolling: ik skriuw hjirboppe dat de j yn it wurd begjin der gewoan yn heart. It komt lykwols geregeld foar dat dy j yn it Súdhoeks, yn neifolging fan de brekking, fuortfalt: Ljouwert-Louwert, rjochter-ruchter, ljocht-locht, leaver-louwer, frjemd-fremd. Mar net altyd dus: begjin, skjin, tsjin.

  3. Bouke Slofstra novimber 15, 16:12

    “Minsken sille it net leauwe. Kinst mei Frysker ferskes skriuwe.”
    Dat stiet op ‘e side fan de Akademy.
    By my rymt dat net. “Ik leau” hat it opgeande twalûd fan “ik skreau” (doetiid), net dat fan “ik skriuw” (notiid).
    Is dat by oare minsken oars?

  4. Arjen J. Dijkstra novimber 15, 17:33

    By ús yn’e omkriten (de Dongeradielen) rimet dit wol.

    Wy sizze net (ik doch it mar eefkes fonetysk) ‘skrjoewe’, mar ‘skrjowe’ en ‘ljowe’ ek noch altyd yn sinteklaas.

    By ús hjitte de Dieuwkes ek net fan Djoeke, mar Djoke. Krekt lyk as wy tsjin Liuwes Ljowe sizze sille. Liuwe wol it net leauwe is dan ‘Ljowe wol it net ljowe’.

    It ferskil tusken skreauwers en skriuwers kinst hjir dus ek mar muoilik ferstean. Der moat dan altyd wat kontekst by….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.