Solo-eksposysje Henk Vissers by Galery Bax Kunst

novimber 27, 2023 08:14 Fernijd

Henk Vissers ekposearret op it stuit mei syn stielen skulptueren, skilderijen en seefprinten by Galery Bax Kunst yn Snits. Lang lyn hie er ek al ris in útstalling yn Snits. Nei jierren fan ôfwêzichheid fynt de keunstner út Limburch it moai om syn wurk wer oan it Fryske publyk te toanen.

Henk Vissers ‘Ontmoetingen’ (boarne: Bax Kunst)

Minskewurk
It wurk fan skilderije- en byldemakker Henk Vissers giet oer minsken en minsklike relaasjes. By it kiezen fan ûnderwerpen lit er him ynspirearje troch de deistige werklikheid. De minsklike figuer mei al syn sjarme en skjintme fassinearret him. Deidreamend, moetsjend, observearjend, tebeksjend, stoarteljend.

“Ik sjoch de minske as narratyf fenomeen, drager fan in protte fantasyen en ferhalen en mei in lichem as ekspressyf materiaal.” Dêr fynt er in ûneinige ynspiraasjeboarne en fassinaasje yn. De keunstner wurket yntuïtyf en út in natuerlike fanselssprekkendheid wei. Net betochtsum, wol mei grutte dissipline en emoasje as driuwfear. De bylden yn syn twadiminsjonaal wurk binne de delslach fan in ûneinich proses fan tekenjen en ûntwerpen, ferskikken, fuortsetten en opnij opkrijen, krekt salang oant in harmonieuze en kleurrike komposysje mei in ferheljende ynhâld berikt is.

Henk Vissers ‘Badende’ (boarne: Bax Kunst)

Tekeningen yn stiel
De minske stiet ek yn syn stielskulptueren sintraal. It binne ‘tekeningen yn stiel’ fan manljus- en frouljusfigueren, opboud yn omtreklinen en mei foarstellingen dy’t har skaaimerkje troch in ferstille ynbannigens. De ‘lasere’ skulptueren mei har kanteftige karakter krije, ienris útsnien en op harren plak, in komplekse twa- én trijediminsjonaliteit. Troch wikseljende eftergrûnen of spegelingen, mar foaral troch ljocht dat de bylden harren nijsgjirrige lagen jout, troch hieltyd wer wikseljende slachskaden.

Henk Vissers is oplaat oan de Keunstakademy Tilburch (’73-’78). Wurk fan him is opnommen yn ferskate keunstkolleksjes, sawol priveekolleksjes as kolleksjes fan ynstellingen, bedriuwen en byldetunen. Yn ’e iepenbiere romte is ek wurk fan him te sjen.

Alle keunstwurken yn ’e eksposysje binne te keap. De keunstwurken binne ek te besjen op it YouTube-kanaal fan Bax Kunst en op baxkunst.nl.

De eksposysje duorret oant en mei 31 desimber 2023.

Henk Vissers ‘Nightlife’ (boarne: Bax Kunst)

novimber 27, 2023 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.