Sneon Ljouwerter Enerzjymerk foar duorsumens
Resint ferskynd
Sneon 4 novimber organisearret Gemeente Ljouwert, yn it ramt fan de Nasjonale Klimaatwike, foar de fjirde kear de Ljouwerter Enerzjymerk. Ynwenners fan de gemeente mei in keap- of hierwenning kinne dêr alle ynformaasje krije oer it besparjen fan enerzjy, it ferduorsumjen fan de wenning, subsydzjemooglikheden en lokale bedriuwen op it mêd fan enerzjy(besparjen). De merk is fan 12.00 oant 16.00 oere yn de gemeentehal. De tagong is fergees.

pixabay.com
Besparje op enerzjykosten, hoe dogge je dat?
Besikers fernimme hoe’t se enerzjy besparje kinne, watfoar mooglikheden der binne om de wenning te ferduorsumjen en hokker subsydjemooglikheden der binne. Der is in soad ynformaasje en alle romte foar fragen. Enerzjycoaches en meiwurkers fan Enerzjyloket Ljouwert jouwe advys, mar lokale duorsume-enerzjykoöperaasjes, fiksteams en ûndernimmers litte ek sjen wat der (ek technysk) yn ’e hûs dien wurde kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje