Skries of grutto

novimber 23, 2023 19:15

Ynstjoerd

Sûnder twivel is de skries de populêrste greidefûgel fan Nederlân. It is net om ’e nocht dat by in ferkiezing, yn novimber 2015 organisearre troch it VARA-programma Vroege Vogels yn gearwurking mei Vogelbescherming Nederland, de skries troch it Nederlânske publyk as de Nasjonale Fûgel keazen is. Benammen Fryslân spilet in wichtige rol wat de skries oanbelanget: neffens de Nota Weidevogels 2014-2020 fan de provinsje briedt 35% fan de Nederlânske skriezen yn Fryslân (sa’n 6700 briedpearen).

Mar de takomst foar de skries sjocht der net goed út. It tal skriezen nimt stadichoan ôf, trochdat der te min piken folwoeksen wurde. Fan alles wurdt der besocht om dy trend te kearen. Sa binne der resint adopsjeprojekten opset troch de stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân, dy’t ynhâlde dat it publyk kante meters greidlân adoptearje kin. In pear jier lyn gie it om grûn fan skriezeboer Murk Nijdam by Wommels, de lêste wiken sjogge we grutskalige advertinsjes om grûn te adoptearjen yn de omkriten fan Tsjerkwert om “mee te bouwen aan Gruttoland Tjerkwerd”. Sa wurde BF’ers (Bekende Friezen) as Reitse Spanninga derby helle om it publyk waarm te meitsjen foar dy projekten.

Dêr is neat op tsjin, mar wat my by al dy publisiteit opfalt is dat der gjin wurd Frysk brûkt wurdt. It wurd skries sil men fergees sykje. Hoe posityf bedoeld ek, sa driget it Frysk slachtoffer te wurden fan dizze massale publisiteitskampanjes. Wylst de provinsje Fryslân besiket om it Frysk sichtberder te meitsjen foar it grutte publyk, ken aansens gjin bern mear it wurd skries: “Heit, watfoar fûgel is dat dêr, is dat in grutto?”

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

novimber 23, 2023 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.