Rjochts kabinet mei PVV liket nettsjinsteande tûkelteammen oannimlik

novimber 23, 2023 08:44

“De partijen moatte oer har eigen skaad hinne springe”, reagearre PVV-lieder Wilders woansdeitejûn op de grutte ferkiezingsoerwinning fan syn partij dy’t him ôftekene. Hy ropt oare partijen op om nei oerienkomsten te sykjen, en seit gearwurkje te wollen.

Geert Wilders (foto: Rijksoverheid / Phil Nijhuis, Creative Commons CC0)

De PVV is nei alle gedachten goed foar 37 fan de nedige 76 sitten foar in mearderheidskabinet. It oan board krijen fan oare grutte partijen sil lestich wurde, mar der liket dochs wol romte te wêzen. Pieter Omzigt (NSC) wie foar de ferkiezingen ôfwizend oer gearwurking mei de PVV fanwegen de stânpunten oer de islam en de rjochtssteat fan de partij, mar justerjûn sei er mei klam dat it lân bestjoerd wurde moat, al neamde er Wilders syn namme net. Krekt as Wilders hie er it oer “oer it skaad hinne springe.”

Frou Yesilgöz wachtet ôf
Dilan Yesilgöz (VVD) sei earder dat se net yn in kabinet mei Wilders as premier stappe wol, mar justerjûn werhelle se dat net. Wol sei se dat se fan betinken is dat de PVV-foarman it lân net ferbine kin. Hja wachtet ôf wêr’t Wilders mei komt.

Wilders sil it sykje moatte by twa fan de fjouwer grutte partijen PVV, GL-PvdA, VVD en NSC. Sûnder de gruttere partijen soe in koälysje mei Wilders bestean út op syn minst tsien partijen, wat om ferskillende redenen net foar de hân leit. Tsjin de NOS sei Wilders dat in sintrumrjochts kabinet syn foarkar hat. Mei de VVD en NSC soe er in wurkbere mearderheid fan 81 sitten hawwe.

Kiezers
Ut ûndersyk ûnder kiezers fan ûndersyksburo Ipsos docht bliken dat de kiezer ek nei in mear rjochts kabinet oerhinget. In goed treddepart fan de ûnderfrege minsken jout de foarkar oan in rjochts kabinet, in fiifde (22 persint) sjocht leaver in koälysje oer lofts. De oare respondinten kieze in sintrumkabinet of hawwe gjin foarkar.

Premier
Fan de kiezers hat sechstjin persint in foarkar foar Wilders as premier. In like grut persintaazje wol frou Yesilgöz as premier, falt út de gegevens fan Ipsos op te meitsjen. Der is wat minder stipe foar Timmermans (14 persint) en Pieter Omtzigt (11 persint). Achttjin persint fan de Nederlanners hat gjin foarkar, of hat gjin miening. Seis persint wol net ien fan de listlûkers as nije premier sjen.

novimber 23, 2023 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.