Regygroep Guozzen jout advys oer guozzebelied

novimber 24, 2023 08:18

Koartlyn hat de Regygroep¹ Guozzen syn advys oan de provinsje oanbean. It is bedoeld foar it nije provinsjaal guozzebelied. De regygroep hat de deputearre frege om it advys mei te nimmen by de útwurking fan nij guozzebelied. Yn ’e maitiid fan 2024 beslút de provinsje dêroer. Dan wurdt dúdlik hoe’t de provinsje de kommende jierren skea troch guozzen oanpakke sil.

Foto: Provinsje Fryslân

Provinsjale Steaten stelden yn 2022 yn de startnotysje de útgongspunten foar it nije provinsjaal guozzebelied fêst. Dêrnei is in regygroep mei fertsjintwurdigers fan de lânbou en fertsjintwurdigers fan natuerorganisaasjes ynsteld. Deputearre De Vries hat syn wurdearring útsprutsen foar de goede gearwurking yn de regygroep: “Ik fyn it belangryk dat nij belied breed droegen wurdt. DS hat der wurdearring foar dat de partijen yn de regygroep deryn slagge binne om in mienskiplik droegen advys oan de provinsje op te stellen. DS sil dit advys belûke by it dwaan fan foarstellen foar nij belied oan PS.”

Yn 2022 joegen Provinsjale Steaten oan dat it fan belang is dat safolle mooglik belanghawwers by it nije guozzebelied belutsen wurde. Njonken de regygroep is der dêrom ek in klankboerdgroep² dêr’t oare belutsen partijen in sit yn hawwe. DS belûkt njonken it advys fan de Regygroep ek de reaksjes fan de klankboerdgroep, in juridysk advys, in ekologysk advys, it advys fan de Faunabehearienheid Fryslân en it advys fan BIJ12 derby.

It folsleine advys de Regygroep Guozzen is fia dizze link te lêzen.

[1] Yn de regygroep sitte: Collectief Ganzenbeheer Friesland, Feriening Biologyske Boeren Fryslân, It Fryske Gea, LTO Noord, Natuurmonumenten, Nederlandse Melkveehouders Vakbond en Staatsbosbeheer.

[2] Yn de klankboerdgroep sitte: KJV, NOJG, Farmers Defence Force, Nederlandse Akkerbouw Vakbond, Agrarische Jongeren Friesland, BFVW, Kollektiveberie Fryslân, Fauna4Life, Dierenbescherming, BIJ12 Faunazaken en Faunabehearienheid Fryslân.

novimber 24, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.