Readkapke
Resint ferskynd
In mearke fan e brurren Grimm
Fertaald nei it Gasterlâns troch Joël Hut
Der wie es in lyts, skattich famke en iderien dyt har mar oanseach, wie wiis mei har, mar it alderwiist wol har beppe, dy wist helendal nit wat se it bern allegêr jaan möst. Ien kear joech se har in kapke fan read fluweel en omdat it har sa goed stûng en se niks oars mear oan woe, hiet se allinnich Readkapke.
Op in dei sei har mem sjin har: ‘Kom, Readkapke, dêr hest in stik taart en in fles wyn, bring it nei beppe ta; se is siik en swak en sal har der goed oan dwan. Meitsje dij klear, fört it hyt wurdt, en ast nei buten ta giest, ron dan goed fatsoenlik en gean nit fan it paad ou, oars falsto en brekst it glês en het beppe niks. En asto har keamer ynkomst, ferjit dan nit goeiemoarn te sizzen en sjoch nit earst yn alle hoeken om!’
‘Ik wol no alles goed dwan,’ sei Readkapke sjin mem en joech har har hân derop. Toch wenne beppe buten yn it bos, in hjeloere fan it dörp. Sa gau as Readkapke it bos ynkwaam, trof de wolf har. Mar Readkapke wist nit watför min beest it wie, en wie nit bang för hem.

Publyk domein
‘Goeie, Readkapke!’ sei er.
‘Dankewol, Wolf!’
‘Wêr sa betiid hinne, Readkapke?’
‘Nei beppe.’
‘Wat hesto ûnder dyn skelk?’
‘Taart en wyn. Juster he we bakt, dêr mut ús sike en swakke beppe har goed oan dwan en har oan sterkje.’
‘Readkapke, wêr wennet jim beppe?’
‘Noch in goed kertier fjirder it bos yn, ûnder de trije grutte iken, dêr stiet har hús, beneden binne de nutehagen, dat salst wol wite,’ sei Readkapke.
De wolf tocht bij hemself: dat jonge, teare ding, dat is in fette hap, dy sal noch better smeitsje as dy âlde. Do mutst it slim oanpakke, datst beiden te pakken krijst. Toen rôn er in skoftke mei nêst Readkapke, dêrnei sei er: ‘Readkapke, sjoch de moaie blommen es, dyt hjir rûnom stean. Wêrom sjochst nit even om? Ik lo datsto helendal nit hjêrst hoet de fûgeltsjes sjonge? Do ronst selfs för dijself út, sa as wannearsto nei sköle ta giest, en it is sa lekker omhingjen yn it bos.’
Readkapke dyng de egen iepen en seach hoet de sonne troch de bjemmen bruts en alles fol moaie blommen stûng. Dat se tocht: ah, as ik beppe in boskje meibring, dêr is se ik wiis mei, it is noch sa betiid, ik kom wol op tiid oan. Se sprong it bos yn en socht blommen. En as se ien plukt hie, miende se, dêr stiet noch in moaiere, rôn derneita en steeds fjirder it bos yn. Mar de wolf gyng ruchtstreeks nei it hús fan beppe ta en klopte op e doar.
‘Wy is dêr buten?’
‘Readkapke, ik he taart en wyn för jo mei, lit mij deryn.’
‘Druk mar op e klink!’ rôp beppe, ‘Ik bin te swak en ken nit oerein komme.’

Publyk domein
De wolf drukte op e klink en de doar gyng iepen. Dat hij gyng nei binnen, rucht nei it bêd fan beppe en slokte har troch. Hij pakte toen har klean, dyng se oan, sette har kap op, gyng yn har bêd lizzen en lûkte de gerdyntsjes derför.
Readkapke hie omrond om blommen en pas toen se safolle hie dat se it nit mear drage koe, gyng se op wei nei beppe. Toen se oankwaam, stûng de doar iepen, dêroer fernuvere se har en toen se de sliepkeamer ynkwaam, seach it der sa fremd út dat se tocht: och heare, hoe angstich fjil ik mij no, en ik bin oars sa graach bij beppe. Se gyng op it bêd ou en lûkte de gerdyntsjes werom, dêr lei beppe en dy hie de kap fier oer it gesicht setten en seach der wûnderlik út.
‘Ah beppe, wat he jo grutte earen!’
‘Sadat ik dij better hjêre ken.’
‘Ah beppe, wat he jo grutte egen!’
‘Sadat ik dij better sjen ken.’
‘Ah beppe, wat he jo grutte hannen!’
‘Sadat ik dij better pakke ken.’
‘Mar beppe, wat he jo in enörm grutte bek!’
‘Sadat ik dij better opfrette ken.’
Dêrnei sprong de wolf fan t bêd, sprong op it earme Readkapke en ferslond har.
Toen de wolf de fette hap te pakken hie, gyng er wer op bêd lizzen, foel er yn sliep en begon er heel luud te snurken. De jager rôn der even del en tocht, hoe ken dy âlde frou sa snurke? Mutst it es neisjen. Dat hij gyng nei binnen en toen er för it bêd stûng, lei dêr de wolf dyt er lang oan it sykjen wie. Dy het seker beppe opfretten, miskien is se noch te rêden, ik sal nit sjitte, tocht de jager. Dat hij naam de skjirre en snijde syn búk iepen en toen er in pear sneeën dyng hie, seach er dêr it reade kapke skitterjen en toen er noch in bytsje snijd hie, sprong dêr it famke derút en rôp: ‘Ach hoe bot wie ik skrokken, wat wie it donker yn e wolf syn liif!’ En toen kwaam beppe der ik levend út. Mar Readkapke helle grutte swiere stjinnen, dêrmei fulden se it liif fan e wolf en toen er wekker weur, woe er furtspringe, mar de stjinnen wiene sa swier, dat er dea delfoel.
Dat alle trije wiene gelokkich. De jager naam de pels fan e wolf, beppe iet de taart en dronk de wyn dyt Readkapke brocht hie, en Readkapke tocht bij harself: do salst fan dyn leven nit wer allinnich fan it paad ou it bos yn ronne, as mem it dij ferbeand het.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje