Provinsje Fryslân sjit 18 miljoen euro foar agrarysk natuerbehear foar

novimber 26, 2023 08:18

It Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear (ANLb) yn Fryslân kriget in stevich ferfolch, nettsjinsteande in tekoart op de begrutting troch it heger wurden fan de behearskosten. De provinsje nimt syn ferantwurdlikheid foar de agraryske kollektiven en hat besletten om it tekoart fan goed achttjin miljoen euro foar te finansierjen. De provinsje betellet alle ôfsprutsen behear foar de kommende jierren, ek it behear dat de boeren dit jier útfierd hawwe. Foar it tiidrek 2023 oant en mei 2028 is yn totaal sa’n 145 miljoen euro beskikber.

Foto: Provinsje Fryslân

Ferline jier binne de tariven foar it behear yn it ramt fan it ANLb op ‘e nij berekkene en fiks omheech gien. It gefolch is in grut gat yn de begrutting. Yn ‘e mande mei de oare provinsjes hat Fryslân besocht om ôfspraken mei it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit te meitsjen om dat tekoart op te lossen. Ministers hawwe earder witte litten har dêr ferantwurdlik foar te fielen en harren ynsette te wollen foar it finen fan in oplossing.

“Mar it Ryk komt syn tasizzingen no net nei”, seit deputearre Femke Wiersma. “Wy fiele ús ferantwurdlik foar ús boeren en de kollektiven, omdat yn it ferline wol ferwachtingen oproppen binne. Dêrom sette wy troch. Mar it is ûnakseptabel dat wy no earst sels opdraaie moatte foar it tichtsjen fan it ûntstiene gat op de begrutting. Wy dogge, yn ‘e mande mei de oare provinsjes, in driuwend berop op it ministearje om mei in finansjele oplossing te kommen.”

Natuer- en lânskipsdoelen
Goed 1900 Fryske boeren meitsje fia in kollektyf gebrûk fan de ANLb-subsydzje. Dy subsydzje is bedoeld foar boeren dy’t natuerbehear lânbougrûn útfiere op. Dat giet foar in part op kosten fan de lânbouproduksje en dus ek fan it ynkommen. De subsydzje dekt dat tekoart yn it ynkommen en de kosten dy’t makke wurde foar it behear. It giet bygelyks om greidefûgelbehear en it ferbetterjen fan ferbiningen yn it lânskip, lykas sleatten, hagen, berms en beammerigen. It Oanfalsplan skries en doelen út de kaderrjochtline wetter binne ek ûnderdiel fan it ANLb. Dêr is oanfoljend budzjet foar.

novimber 26, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.