Programma Iselmarkust klear foar ynspraak

novimber 20, 2023 08:19

Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân, de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân hawwe it konsept-útfieringsprogramma foar de Fryske Iselmarkust frijjûn foar kommunikaasje. Dat betsjut dat it programma ynkoarten oan de mienskip weromkeppele wurde kin.

Iselmarkust by Hylpen (foto: Provinsje Fryslân)

Yn de kommende jierren bart der in soad yn it Fryske Iselmargebiet. Mei it konsept-útfieringsprogramma litte de gearwurkjende organisaasjes sjen hokker inisjativen oft se foar 2027 byinoar bringe kinne. It programma bestiet út tariedende aksjes en ferkenningen, rinnende projekten en nije inisjativen dy’t mei ynbring fan de mienskip ta stân kommen binne.

Partisipaasjejûnen
Begjin 2024 sille der fjouwer partisipaasjejûnen yn it Iselmargebiet wêze. Mear ynformaasje dêroer folget ynkoarten op www.frieseijsselmeerkust.frl. De jûnen binne in ferfolch op de earder organisearre gearkomsten foar belang- en nigethawwers om ta in konsept-útfieringsprogramma te kommen. Dat programma leit der no en wurdt begjin takomme jier weromkeppele om te sjen oft it yndied by de winsken en by it ferlet foar de Iselmarkust oanslút.

Taheakke: Konsept-útfieringsprogramma Fryske Iselmarkust.

novimber 20, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen novimber 21, 09:20

    Tink derom, it is yn ‘t Hollânsk! Fan ‘e provinsje dy’t sa pro-Frysk is. Achtenfjirtich siden oersette, pff, in bealchfol wurk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.