Prinsessehof presintearret groepsútstalling oer duorsume keramyk

novimber 9, 2023 08:19 Fernijd

Fan 25 novimber 2023 o/m 3 novimber 2024 presintearret Keramykmuseum Prinsessehof Sustainable Ceramics #1: Recycled, Repaired, Reactivated. Yn dy groepsútstalling rjochtsje keunstners en ûntwerpers, út binnen- en bûtenlân, de blik op ’e takomst fan duorsumens yn harren fakgebiet. Troch materiaal opnij te brûken, wurk te reparearjen en te reaktivearjen, hawwe de wurken yn de eksposysje gâns minder negative ynfloed op ’e planeet.

Cleo Mussi ‘Ever Save – Ever Have’, 2023 (foto: Keramykmuseum Prinsessehof)

Yn de útstalling wurde sawol konvinsjonele as moderne metoaden fan duorsume keramykproduksje ûndersocht: fan tradisjonele mozaiken, besteande út diggels, oant baanbrekkende foarmen fan biomineralisaasje. It nasjonale keramykmuseum wol mei dy swide en ynnovative wurken besikers ynspirearje om sels ek nei te tinken oer reparaasje en wergebrûk yn harren deistich libben. Recycled, Repaired, Reactivated is de earste útstalling yn in trilogy oer duorsumens.

Der is wurk fan ûnder oaren Kerstin Abraham (Dútslân, 1956), Alix Arto (Switserlân, 1994), Olivia Barisano (Frankryk, 1982), Thelma Boateng (Nederlân, 1994), Jie Chen (Sina, 1988), Nicole Chrysikou (Grikenlân, 1992), Sara Howard (Feriene Keninkryk, 1997), Katrine Køster Holst (Denemarken, 1979), Neha Kudchadkar (Yndia, 1982), Cleo Mussi (Feriene Keninkryk, 1965), Benedetta Pompili (Italië, 1995), Caroline Slotte (Finlân, 1975) en Bart Vernooij (Nederlân, 1996).

De produksje fan keramyk is by útstek net duorsum: it bakken fan klaai bart op hege temperatueren en kostet in protte enerzjy, glazuer is faak tige fersmoargjend en de grûnstoffen binne einich. Mei de eksposysjerige Sustainable Ceramics ûndersiket it Prinsessehof hokker takomstperspektyf keramyk as middel hat. En wêr’t de takomst leit foar keunstners en ûntwerpers, mar ek foar it museum sels. Yn dizze earste eksposysje yn de rige wurde sawol makkers as besikers útnûge om oer it opnij brûken fan grûnstoffen en materialen nei te tinken. Yn de útstalling is romte om sels kreatyf oan ’e slach te gean en nei te tinken oer it wer brûken, reparearjen en reaktivearjen fan keramyk.

Greta Thunberg
Spesjaal foar de útstalling makke keunstner Cleo Mussi in mozayk besteande út diggels fan histoarysk keramyk, mei klimaataktiviste Greta Thunberg yn ’e haadrol. “Hja wie it perfekte ûnderwerp, om’t se har ferbynt mei de folgjende generaasje as it giet om har oanpak om de klimaatkrisis op te lossen. Hja pleitet derfoar dat elkenien bydrage moatte kin en soe, sels as it mar op in lytse manier is. Mei-inoar kinne we grutte dingen berikke.”

Nicole Chrysikou ‘BacTerra’, 2021 (foto: Mael Henaff)

Stiengoede baktearje
De produksje fan keramyk is in fersmoargjend proses. Om it proses te ferduorsumjen gie ûntwerper Nicole Chrysikou op ’e siik nei in nije produksjemetoade, dêr’t sterk keramyk by ûntstiet sûnder it yn in ûne te bakken. Yn gearwurking mei wittenskippers kweekte se in spesifike baktearjekultuer. Dy kultuer transformearret keramysk ôffal ta hurd keramyk. Mei it projekt BacTerra hopet frou Chrysikou it petear te starten oer de ûnthjittende mooglikheden fan biotechnology yn it ramt fan de keramyk en tradisjonele ambachten.

Duorsumens yn Keramykmuseum Prinsessehof
De kommende jierren wurket dr. Wendy Gers, kurator moderne en hjoeddeiske keramyk, oan in programmearring fan útstallingen oangeande duorsume keramyk. It tema duorsumens is al langer wichtich yn it museum. Yn oanrin nei de rige toande it Prinsessehof al wurk fan Kim Habers (2021), Yoon Seok-Hyeon (2021-2022) en Humade (2022). Dy keunstners eksperimintearren ek mei fragen oer duorsumens by de produksje fan keramyk en yn ’e maatskippij. Yn de útstalling EKWC@Prinsessehof: Keeley Haftner – Carbon Copies (2023) stie duorsumens ek sintraal. Har wurk giet oer de symboalyske kompensaasje fan har ekologyske fuotleast.

novimber 9, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.