Podcast ‘Friese Voetafdruk’ ynspirearret ta duorsumens 

novimber 4, 2023 06:58

Tess Schram
Foto: ‘Tess to Sustainability’ podcast

As op 7 novimber de Friese Voetafdruk Podcast lansearre wurdt, wurdt de podcastwrâld mei in spannend nij haadstik ferrike. Dy podcast, presintearre troch Tess Schram (programmamanager Sirkulêre Mienskip by de Fryske miljeufederaasje FMF), jout harkers ynsjoch yn de duorsume wrâld fan Fryslân, dêr’t ynspirearjende lokale inisjativen, praktyske tips en ynnovative ideeën foar in griener libben sintraal yn steane.

Yn in koartlyn útkommen publikaasje, de Klimaatraadpleging 2023, sprutsen mear as 11.000 Nederlanners har út oer it klimaatbelied. Mar leafst 80% fan de brede middengroep is it dermei iens dat belestingmaatregels nommen wurde om net-duorsume konsumpsje mei 25% te ferminderjen. Dy befiningen beklamje it tanimmende ferlet fan praktyske oplossingen foar in duorsumer libbensstyl.

De ‘Friese Voetafdruk podcast’ wol de Friezen ynspirearje mei lokale ferhalen en praktyske tips om harren ekologyske fuotprint te ferleegjen. Dêr giet Tess Schram, dy’t ek de suksesfolle podcastsearje ‘Tess to Sustainability’makke hat, foar yn petear mei Fryske inisjatyfnimmers lykas dy fan Better for Letter, Regverdig, en Hydraloop.

De harkers wurde gewaar hoe’t se in positive ynfloed op it miljeu hawwe kinne troch lytse feroaringen yn harren deistige libben. Fan klean oant iten en drinken en it brûken fan wetter, tal fan aspekten fan duorsumheid komme oan ’e oarder. De ‘Friese Voetafdruk podcast’ is spesjaal foar en troch Friezen makke om it stribjen nei in griener Fryslân op wei te helpen.

Fan 7 novimber ôf is der alle wiken in nije ôflevering. Harkers kinne dy fine op Spotify mei de keppeling De Friese Voetafdruk Podcast | Podcast on Spotify.

Moandei 6 novimber publisearje wy in opinystik, skreaun troch Tess Schram.
novimber 4, 2023 06:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.